Liveblog | 19 desimber 2021

Dit wie de Fryske derby fan minút oant minút

Hearrenfean wûn mei 2-1 yn Ljouwert. We folgen alle ûntwikkelingen yn dit liveblog.
Bywurke: 19 desimber 2021, 15:06
snein 19 desimber 2021
15:02

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog no ôf. Tige tank foar it folgjen.
Mear reaksjes fan Cambuur en Hearrenfean binne aanst te finen by ús op de website en yn de app.
14:46

Hearrenfean fiert mei leech útfak

14:34

Teloarstelling by ynfaller Van der Meer

14:21

De lokwinsken fan de boargemaster

14:07

Hearrenfean wint!

Einstân: 1-2. Dizze Fryske derby is in proai foar Sportklup Hearrenfean!
De besikers kamen al betiid op 0-1 troch in rake strafskop fan Henk Veerman. Doe kaam Cambuur mei tsien man te stean nei read foar Doke Schmidt. Mei in man minder kopte Uldrikis de 1-1 binnen. Yn de slotfaze brocht Henk Veerman Hearrenfean yn ekstaze.
14:06

Bangura!

Yn de 92e minút krijt Alex Bangura dé kâns op in punt foar Cambuur! Hy hat alle romte, mar de Hearrenfeandefinsje rommet op it lêste momint op.
14:05

Noch fjouwer minuten

De lêste minút hat west. Der binne fjouwer minuten blessueretiid.
14:04

Lêste minuten

Cambuur besiket it noch mar ris, ek al is it mei in man minder. Jhondly van der Meer sjit oer.
13:59

Henk Veerman mei de 1-2

Krekt nei't Halilovic de latte rekket mei in hurd skot, set Henk Veerman Hearrenfean dochs wer op foarsprong. Hy kopt in foarset fan Kaib tsjin 'e touwen.
13:57

1-2!

Goal Hearrenfean!
13:55

Uldrikis

Cambuur liket frede te hawwen mei in lykspul, mar sa no en dan komt de thúsploech der dochs út. Lykas no, mei Roberts Uldrikis. Syn skot út de draai wurdt keard troch Xavier Mous.
13:53

Wiksels oan beide kanten

Cambuur: Tol en Gullit deryn, Kallon en Schouten derút
Hearrenfean: Stevanovic deryn, Musaba derút
13:52

Hast in eigen goal!

Sven van Beek hat it rekôr oan eigen goals yn de earedivyzje, en hy hie der hast wer ien by. Hy rekket in fan rjochting feroare skot fan Kallon oan. De bal stuiteret in lyts meterke neist de goal fan Mous.
13:51

61% balbesit Hearrenfean

It is dúdlik dat Hearrenfean in man mear hat, de ploech fan Johnny Jansen hat goed 61 prosint balbesit. In hiel soad dogge se der lykwols net mei.
13:44

Nygren deryn

Hearrenfean wikselet ek: Benjamin Nygren komt deryn foar Siem de Jong.
13:43

Cambuur wol in strafskop

De bank fan Cambuur springt op, want de bal komt op de earm fan Joey Veerman. De Ljouwerters wolle in strafskop, mar Veerman hat de hân foar syn lichem. Makkelie lit trochspylje.
13:41

Cambuur wankelet

Twa grutte kânsen op rige foar Hearrenfean. Earst rêdt Stevens op in skot fan Joey Veerman. Ut de corner dy't dêrút folget, krijt Madsen in goede kâns. Hy sjit oer.
13:39

Paulissen deryn

Twadde wiksel oan de kant by Cambuur: Mitchel Paulissen komt yn it fjild foar Jamie Jacobs.
13:30

Kaib njonken

Hearrenfeanlinksback Rami Kaib stoomt hielendal op en komt oant yn it doelgebiet fan Cambuur. Ienkear dêr krijt er de bal werom, syn skot giet njonken.
13:27

Kânske oan de oare kant

Oan de oare kant ek in kâns foar de spits. Uldrikis rekket 'm net goed op oanjaan fan Maulun.
13:25

Henk Veerman oer

Joey Veerman mei in djiptebal, Calvin Mac-Intosch leit de bal by fersin kear foar Henk Veerman. De spits volleyt 'm in pear meter oer.
13:18

Twadde helte begûn

We binne wer los! By Hearrenfean is Akujobi yn it fjild kaam foar Van Ewijk.
13:17

Hearrenfean moat it spul meitsje

Hearrenfean sil it spul meitsje moatte yn de twadde helte, foarseit analist Joey van den Berg. "En daar zijn ze niet zo goed in."
13:07

"Domme aksje"

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp oer de reade kaart fan Doke Schmidt: "It wie in pittige en domme aksje. De reade kaart wie gjin ferkeard beslút, mar foar my hie giel genôch west."
13:05

Skoft!

It is skoft nei in earste helte wêryn't fan alles barde. It stiet 1-1.
12:59

Musaba op de peal!

Bal op de peal nei in rappe counter fan Hearrenfean. Anthony Musaba sjit hartstikke hurd op de peal.
12:54

Akujobi deryn foar Van Ewijk?

Milan van Ewijk wurdt even tasprutsen troch skiedsrjochter Makkelie. De Hearrenfeanferdigener hat al giel en hat dêrnei noch twa oertredingen makke. Hy moat derom tinke, wol er net in twadde giele kaart krije.
Johnny Jansen lit Hamdi Akujobi foar de wissichheid al waarmrinne.
12:47

Assist Maulun

Roberts Uldrikis kopte raak op oanjaan fan Robin Maulun, dy't in frije traap yn it strafskopgebiet lei. Xavier Mous kaam syn goal út, mar hie dat miskien net dwaan moatten.
12:45

1-1!

Doelpunt Cambuur! Uldrikis mei de 1-1.
Cambuur fiert de lykmakker © Orange Pictures
12:39

"Noch neat sjoen fan Cambuur"

Kommentator Andor Faber: "Hearrenfean hat de toutsjes stevich yn hannen. Fan Cambuur ha we eins noch neat sjoen."
12:37

Giel foar Van Ewijk

In giele kaart foar Hearrenfeanferdigener Milan van Ewijk. Hy makket in oertreding op Bangura, krekt bûten it strafskopgebiet.
It is noch 0-1, der binne 21 minuten spile.
12:34

Kâns Musaba

Dêr hie Anthony Musaba in kânske op 0-2. Stevens liet in ôfstânsskot fan Halilovic los en Musaba wie as earste by de rebound. Stevens herstelt yn twadde ynstânsje.
12:32

Wiksel Cambuur

Troch it fuortfallen fan Doke Schmidt moat Cambuur wikselje. Jhondly van der Meer komt no yn it fjild, sadat de ferdigening wer út fjouwer man bestiet. Doodeman wurdt slachtoffere.
12:30

Ekskuzen Schmidt

Schmidt biedt syn ekskuzen foar de oertreding noch wol oan by Halilovic. De oanfierder fan Hearrenfean kin wol troch.
12:28

10 tsjin 11

De âld-Hearrenfeanspiler Doke Schmidt krijt in reade kaart fan skiedsrjochter Makkelie, nei in oertreding op Tibor Halilovic.
Read foar Doke Schmidt © ANP
12:28

Read Doke Schmidt

Read foar Doke Schmidt!
It momint fan de reade kaart
12:27

Earste goal Veerman yn hast trije moannen

It is Henk Veerman syn earste kompetysjegoal sûnt 26 septimber. Doe skoarde er tsjin Twente.
12:26

0-1!

Doelpunt Hearrenfean! Sonny Stevens sit der tichtby, mar Henk Veerman skoart: syn strafskop giet troch de midden: 0-1.
Hearrenfean fiert de 0-1 © Orange Pictures
12:25

Strafskop

Makkelie jout Hearrenfean in strafskop. Fanwegen hands fan Mac-Intosch dus.
12:23

Hands?

In foarset fan Henk Veerman wurdt mei de hân rekke troch Calvin Mac-Intosch. De VAR besjocht oft it in strafskop wêze moat.
12:21

0-0

Der binne seis minuten spile. Noch gjin grutte kânsen, mar de wedstriid spilet him oant no ta foaral ôf op de helte fan Hearrenfean.
12:16

De wedstriid is begûn!

We binne los!
12:14

De spilers komme it fjild op

Beide teams komme no it fjild op. By it stadion wurdt in hiele lading fjoerwurk de loft yn sketten.
11:56

Plysje hâldt Cambuurplein leech

De plysje lit gjinien ta op it Cambuurplein © Kappers Media
11:49

Cambuur stiet ek op it fjild

11:42

Roubannen

Sportklup Hearrenfean is oan de warming-up begûn. De ploech fan Johnny Jansen spilet hjoed mei roubannen, fanwegen tryste famylje-omstannichheden by Lucas Woudenberg: syn heit is stoarn.
11:38

Foarútsjen

Ald-Hearrenfeanspiler Joey van den Berg en âld-Cambuurspiler én -trainer Sandor van der Heide beprate de opstellingen fan beide klups en de mooglike taktiken.
11:34

Cambuurplein ferbean

Elkenien dy't der neat te sykjen hat, moat it Cambuurplein ferlitte. Dat hat de plysje sein. Wa't dat net docht, wurdt oanholden.
11:25

Plysjehely boppe de stêd

De plysjehelikopter sirkelet al in skoftke boppe Ljouwert © Omrop Fryslân
11:15

De kommentatoaren binne der klear foar!

Roelof de Vries en Andor Faber © Omrop Fryslân
11:12

Rêstige hinnereis

11:10

Siem de Jong yn de basis by Hearrenfean

Opstelling Hearrenfean: Mous; Van Ewijk, Van Beek, Bakker, Kaib; Madsen, Halilovic, J. Veerman; Musaba, H. Veerman, De Jong.
11:07

Stipe fan de blessearre Bochniewicz

11:00

De alve fan Cambuur

10:54

Saailân wurdt leech makke

"U wordt gevorderd het Zaailand te verlaten", ropt de plysje om dêr. "Voldoet u niet aan de vordering, dan zult u worden aangehouden."
10:53

Hearrenfean is yn it stadion

10:48

Gjin ferrassingen by Cambuur

10:41

Net allinnich by it stadion plysje, mar ek yn de binnenstêd

Plysje by it Saailân © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
10:31

Ekstra befeiliging by it stadion

10:16

2014: de derby fan Ogbeche

De lêste derby is al hast seis jier lyn. It wie lang wachtsjen, mar net sa lang as earder dizze iuw. Tusken 1999/2000 en 2013/2014 waarden hielendal gjin Fryske derby's spile.
Doe't Hearrenfean yn jannewaris 2014 foar it earst yn fjirtjin jier op besite kaam yn Ljouwert, kamen se yn de kunde mei Bartholomew Ogbeche:
10:07

De lêste kear

Op 31 jannewaris 2016 stie de Fryske derby foar it lêst op it programma. It wie it jier dat Cambuur úteinlik degradearre. De Fryske derby wie ek in proai foar it favorite Hearrenfean.
Arber Zeneli waard matchwinner:
09:53

En op It Hearrenfean net minder

09:50

Yn Ljouwert ha se der nocht oan

freed 17 desimber 2021
09:30

Derbyday!

It is de dei fan de Fryske derby! Om 12.15 oere traapje SC Cambuur en sc Hearrenfean ôf yn Ljouwert. Folgje yn dit liveblog alles oer de derby, op en om it fjild.