Foarsitter Jacco Vonhof fan MKB-Nederland fynt dat ûndernimmers finansjeel mear kompensearre wurde moatte foar de ynkomsten dy't se de kommende tiid misrinne. "Als je de laatste twee weken, de beste twee weken van je jaar, dicht moet, maar je hebt de rest van het kwartaal goed gedraaid, kwalificeer je niet. Dat zou echt onbestaanbaar moeten zijn, dus dat moet gewoon naar 100 procent", sei Vonhof yn WNL Op Zondag.
Op de parsekonferinsje waard saterdei in hurde lockdown ôfkundige. Dat betsjut dat allinnich essinsjele winkels iepen bliuwe meie. Under oare net-essinsjele winkels, hoarekasaken en teäters moatte de doarren oant en mei 14 jannewaris slute.