Harm Visser twadde by Marathon Cup yn Breda

Harm Visser fan De Westereen is sneon twadde wurden by de achtste KPN Marathon Cup yn Breda. De oerwinning wie foar de Belch Bart Swings.
© Orange Pictures
De manlju bleaunen de hiele wedstriid byinoar. Der besochten wol groepkes fuort te kommen, mar dy krigen net de romte fan it peloton. De riders moasten dus sprinte foar de oerwinning. Swings wie dêryn de sterkste, folge troch Visser.

Walsma yn de kopgroep

By de froulju siet Aggie Walsma fan Boalsert yn de kopgroep. Dy groep sette it peloton op in rûntsje efterstân. Walsma koe de striid om it earste plak lykwols net winne. Femke Mossinkoff kaam as earste oer de einstreek. Walsma finishste as sechde.