Buma nimt maatregels tsjin 'ongeregeldheden' by Fryske derby

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat foar snein in needferoardering ôfkundige yn de Ljouwerter binnenstêd en yn it gebiet om it Cambuurstadion hinne. Winkels oan it Cambuurplein meie moarns net iepen.
Ungeregeldheden earder dit jier by it Cambuurstadion © ANP
De maatregels wurde naam nei oanlieding fan sinjalen oer mooglike ûngeregeldheden by de wedstriid tusken Cambuur en Hearrenfean.

'Ongeregeldheden en wanordelijkheden'

Neffens de boargemaster is der yn de ôfrûne dagen by de plysje ynformaasje binnenkaam "op basis waarvan aangenomen kan worden dat er ongeregeldheden en wanordelijkheden kunnen ontstaan".
It soe dan ûnder oare gean kinne om konfrontaasjes tusken supportersgroepen, konfrontaasjes mei de plysje, fernielingen, of it ôfstekken fan swier fjoerwurk, meldt de boargemaster. "De vrees bestaat dat hierbij ook wapens zullen worden gebruikt."

Coronademonstraasje

Yn ferbân mei it coronafirus mei der gjin pubyk by de wedstriid wêze. De boargemaster meldt dat der "informatie bij de politie bekend is dat er personen zijn die zich (groepsgewijs) willen gaan verzetten tegen deze maatregelen". Dat is ien fan de redenen dat de gemeente no optreedt.
In part fan de stêd is in saneamd 'feilichheidsrisikogebiet' wurden. Neffens de gemeente kin de plysje dan gau yngripe om ûngeregeldheden foar te kommen.

Twa persoanen

Troch de coronaregels dy't premier Rutte earder op de jûn ôfkundige hat, meie misken bûtendoar net mear by mekoar komme yn groepen fan mear as twa persoanen, en meie allinne 'essinsjele winkels' lykas supermerken en apoteken iepen.
De gemeente Ljouwert meldt dat winkels dy't oan it stadion fêst sitte allegearre ticht moatte oant nei de wedstriid, ek as se wol 'essinsjeel' binne. Oare essinsjele winkels op it Cambuurplein binne oant 13:00 oere ticht.
De wedstriid tusken Cambuur en Hearrenfean begjint om 12.15 oere, en is rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân.