Hoarekaman oer mentale sûnens ûndernimmers: "It wurdt hieltyd dramatysker"

De foaroanman fan de Fryske hoarekasektor, Melle Bakker, hat grutte soargen oer de mentale sûnens fan ûndernimmers. Dat sei er direkt nei de parsekonferinsje dêr't in strange lockdown yn oankundige waard.
Foarsitter Melle Bakker fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland (KHN) © Omrop Fryslân
No't de coronakrisis oanhâldt, wurde de soargen oer de mentale sûnens fan ûndernimmers hieltyd grutter, seit Bakker. "It wurdt hieltyd dramatysker."
Earder wie it de jildpine, mar no is it de mentale sûnens dy't foaroan stiet yn de oerlizzen mei wurknimmers, wurkjouwers en oerheden, seit Bakker. "We krije alle dagen in protte sinjalen dat hjir wat oan dien wurde moat."
Bakker neamt de nije lockdown 'ferfelend, mar needsaaklik'. "We ha der allegearre belang by dat we dizze golf no sa goed mooglik troch komme."