Hurde lockdown kin Fryske derby net keare
De nije lockdown hat gjin gefolgen foar de Fryske derby tusken Cambuur en Hearrenfean. It earedivyzjefuotbal giet gewoan troch. Dat meldt de NOS.

It is foar it earst sûnt fiif jier dat de Fryske derby wer spile wurde sil. Yn ferbân mei de coronamaatregels mei der gjin publyk by de wedstriid oanwêzich wêze.
Sneontejûn wurde de nije coronaregels bekendmakke yn in parsekonferinsje. Dy begjint om 19.00 oere en is live te folgjen yn de app en op de webside fan Omrop Fryslân.
De Fryske derby by Omrop Fryslân
Omrop Fryslân besteget alle dagen omtinken oan de Fryske derby dy't snein 19 desimber is. We sjogge foarút mei Cambuurspiler Doke Schmidt, dy't syn karriêre begûn by sc Hearrenfean. En we sykje Feanster stjerspiler Joey Veerman en Cambuur-oanfierder Erik Schouten, dy't goed befreone binne, op yn Volendam.
Op freed en sneon traine beide klups noch foar it duel op snein. Alles wat op en by de trainingen bart, is te folgjen by Omrop Fryslân. Op de wedstriiddei is der in ekstra radioprogramma fan 11.00 oere oant en mei 15.00 oere mei yntegraal ferslach fan de derby en analyzes fan âld-spilers Joey van den Berg en Sandor van der Heide.