HEA! Iris en Jasper dogge oan horseboarding

Iris Weijenberg hat altyd al in hynstefamke west. Har freon Jasper de Jong moast der lykwols net safolle fan hawwe. Doe't se in pear jier lyn in filmke op YouTube seagen fan horseboarding, rekken se beide entûsjast en gienen se op training. Iris rydt op pony Salvador en Jasper racet der op syn board efteroan. Se hawwe de smaak no goed te pakken en wolle graach de bêste fan Nederlân wurde.
HEA! Horseboarding