Ljouwerter ûndernimmers oer driigjende lockdown: "Dit sil dochs net wer gebeure?"

De detailhannel sit bot yn noed oer de nije hurde lockdown dy't ús boppe de holle hinget. It kabinet jout saterdeitejûn in parsekonferinsje oer nije maatregels yn de striid tsjin de omikronfariant fan it coronafirus.
© Kappers Media
De ferwachting is dat sawat it hiele lân wer op slot giet. Dêrtroch is it op it stuit tige drok yn de Ljouwerter binnenstêd, mei minsken dy't noch gau wat keapje wolle.
Allinne essinsjele winkels, sa as supermerken, soene mei in hurde lockdown iepenbliuwe meie. Undernimmers yn de Ljouwerter binnenstêd hâlde har hert fêst. Annika Lont hat in lifestyle- en kleanwinkel en kin it hast net leauwe. "Dit sil dochs net wer gebeure?" Se is benaud om ferlies te draaien, mar ek om it kontakt mei de klanten kwyt te reitsjen.
Se is derfan oertsjûge dat de lockdown der komt en dat fynt se hiel slim. "Ast it ôfrûne jier sjochst, wat foar jier we hân ha en hoe't we ús der trochhinne knokt ha. En ik ha tuskentroch noch wetterskea hân, en dan wer ticht en dan wer iepen. Je witte gewoan op in gegeven momint net mear hoe... ja, ik wit it gewoan net."

'Wichtichste perioade fan it jier'

Ek oare ûndernimmers ferwachtsje in mokerslach foar de omset, hielendal yn de krystperioade. "Daar zitten we niet op te wachten, zeker niet. Het is de belangrijkste periode van het jaar. Het zal wel weer verschrikkelijk zijn."
Ljouwerter binnenstêdsmanager Hayo Galema wit net sa goed wat er fine moat fan de maatregels. "As je de berjochten leauwe meie dan komt der in lockdown oan fan in pear wiken. We ha dêr wol hiel tsjustere gefoelens by, fansels. Want de winkels dêr't it it drokste is, de supermerken, dy bliuwe gewoan iepen."
Dit wie de sitewaasje yn Ljouwert:
Der binne de ôfrûne tiid ferskate inisjativen opset om de ûndernimmers te stypjen, sa as in projekt om it keapjen by lokale ûndernimmers te stimulearjen en it parkearjen yn de moarntiid fergees te meitsjen, sadat it publyk better ferspraat wurdt.
Minsken wurde oproppen om harren jild lokaal te besteegjen. Galema: "Om derfoar te soargjen dat it hjir yn de ekonomy sirkulearjen bliuwt en net earne oars."