Sjinkie Knegt mei nei Olympyske Spelen

Sjinkie Knegt hat it oprêden, hy giet nei de Olympyske Spelen. Ek Sven Roes mei nei de Spelen. Suzanne Schulting en Itzhak de Laat wiene der al wis fan, trochdat se medaljes wûnen by de wrâldbekers.
© ANP
Knegt wol gjin risiko nimme yn oanrin nei de Olympyske Spelen: hy sûnderet him ôf om besmetting mei it coronafirus foar te kommen. Knegt wennet no net mear by syn frou en bern.
"Ik ha twa jonge bern. Dy binne in risikofaktor, en dat kinne je no net brûke." De bern boartsje mei freontsjes en freondintsjes, seit Knegt, "en dan witte je noait wat je yn 'e hûs helje."
Sjinkie Knegt: "As se yn Sina corona fine, kinst mei it earste fleantúch wer werom, en dat wol ik foarkomme"
Knegt rûn twa jier lyn by in ûngelok mei syn houtkachel swiere brânwûnen op en moast lang refalidearje. Foar Knegt wurde it de fjirde Spelen op rige. De earste kear wie yn Vancouver yn 2010. Roes makket syn debút op de Spelen en De Laat giet foar de twadde kear.
By de manlju giet njonken de Friezen Knegt, Roes en De Laat ek Jens van 't Wout nei Peking. Daan Breeuwsma falt foarearst bûten de boat. Hy wie der by de lêste twa Spelen yn Sotsji en Pyeongchang wol by.

Frouljusseleksje

By de froulju bestiet de seleksje út Suzanne Schulting, Xandra Velzeboer, Selma Poutsma en Yara van Kerkhof.
Dat betsjut dat ek Rianne de Vries noch net wis is fan in startbewiis foar de Spelen. Suzanne Schulting wûn fjouwer jier lyn goud en brûns yn Súd-Koreä en giet no foar de twadde kear nei de Spelen.

Noch twa kânshawwers

Nederlân mei fiif manlju en fiif froulju ôffeardigje nei Peking. No't de earste acht nammen bekend binne, meitsje dus noch twa riders kâns om mei te gean. Harren nammen wurde op 17 jannewaris foardroegen oan de NOC*NSF, nei de twadde International Invitation Cup op 15 en 16 jannewaris yn Ljouwert.
© Orange Pictures