Omrop TIP: Ferdinand, the Happy Pathmaker

Nei in swalkjend bestean oer de wrâld krijt Ferdinand ynienen in harsenynfarkt. Hy kin refalidearje by syn broer yn Fryslân. Syn nichtsje Hannah Swart (1999) pakt har filmkamera en beslút alles te filmjen.
De FryslânDOK Ferdinand, the Happy Pathmaker is te sjen op 18 desimber by NPO2 en op 19 desimber by Omrop Fryslân.
Ferdinand wennet yn de Pyreneeën en bedarret nei it ynfarkt yn in sikehûs yn Toulouse. Hannah en har heit helje him op en nimme him mei nei de pleats yn Jouswier. "Dit wie ferline jier, flak foardat Europa op slot gie fanwege corona", fertelt Hannah.
"Mei Ferdinand krigen wy der ynienen in famyljelid by, dat in protte oandacht nedich hie. Fan dat momint ôf begûn ik alles te filmjen. Omdat ik it ynteressant fûn hoe't elkenien mei Ferdinand kommunisearre, mar foaral ek om te sjen hoe't wy as famylje mei elkoar omgongen."
Ferdinand mei syn broer © Omrop Fryslân
Syn dokters sizze dat er 24 oeren deis soarch nedich hat. Sels tinkt Ferdinand dêr hiel oars oer. Hy wol graach wer selsstannich wenje, mar sa maklik giet dat net.
It advys fan de dokter oer syn tastân en de ferskate mieningen en karakters yn de famylje leverje spanningen en konfrontaasjes op. Kin er noch foar himsels soargje of net?
Yn de keuken fan de famylje Swart © Omrop Fryslân
Ferdinand, the Happy Pathmaker rekket oan universele tema's lykas frijheid, soarch, moed, ûnwissichheid en leafde foar it libben. Hannah: "Troch myn bysûndere omke bin ik my der noch bewuster fan wurden dat it belangryk is dyn eigen wei te gean, fan it relativearje kinne, en om happy te wêzen yn dysels."
Hannah Swart mei de Noorderkroon-award © Omrop Fryslân

Noorderkroon

De FryslânDOK is yn premjêre gien op 11 novimber op het Noordelijk Film Festival. Dêr wûn Hannah Swart mei dizze film in Noorderkroon-award yn de kategory 'grutste jong talint'. Sy sit no yn it earste jier fan de Hogeschool voor de Kunsten yn Utrecht.
Ferdinand, the Happy Pathmaker © Omrop Fryslân
Hannah Swart oer har dokumintêre

FryslânDOK 'Ferdinand, the Happy Pathmaker'