Liveblog | 18 desimber 2021

Coronanijs 18 desimber: Plysje hat ynformaasje oer 'ferset tsjin coronaregels' by Fryske derby

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 19 desimber 2021, 08:08
sneon 18 desimber 2021
23:17

Oant moarn!

Oant safier it liveblog fan sneon 18 desimber. Tank foar it folgjen, moarn is der wer in nij liveblog.
22:33

Examens by CBR geane 'gewoan' troch

Teory- en praktykeksamens fan it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen (CBR) meie trochgean. Se binne 'essinsjeel', hat it kabinet hjoed bepaald. Rydlessen meie ek trochgean.
"Uiteraard neemt het CBR alle maatregelen om veilig examen te kunnen doen. We blijven kandidaten en andere bezoekers nadrukkelijk vragen om niet naar onze locaties te komen met coronaklachten", meldt de organisaasje yn in reaksje.
Earder op de dei besleat it CBR om de oanfragen foar eksamens en toetsen tydlik yn de iiskast te setten, yn ferbân mei de parsekonferinsje. In wurdfierder sei doe dat de organisaasje 'mei alles' rekkening hold. By in eardere lockdown moasten alle eksamens en toetsen ôfsein wurde. Dat soarge doe foar grutte achterstannen.
22:21

Lockdown makket ein oan toptentoanstelling Fries Museum

De nije maatregels meitsje hjoed in ûnferwacht ein oan de toptentoanstelling Icons yn it Fries Museum. Dy soe te sjen wêze oant en mei 9 jannewaris.
© Fries Museum, Ruben van Vliet
"Met pijn in het hart sluiten we onze deuren. Helaas betekent dat ook dat Icons vandaag voor het laatst te zien was", meldt it museum. De tentoanstelling bestiet út in kolleksje (sels)portretten fan de National Portrait Gallery út Londen. Der wiene ûnder oare wurken te sjen fan Peter Paul Rubens, Anthony van Dyck, Andy Warhol en Marlene Dumas.
Minsken dy't al reservearre hiene, krije it jild fan de tagongskaarten weromstoarten, meldt it museum.
21:42

Buma: Plysje hie ynformaasje oer 'ferset tsjin coronaregels' by Fryske derby

It foarkommen fan ûngeregeldheden by 'ferset tsjin de coronaregels' ûnder de Fryske derby is ien fan de redenen dat boargemaster Sybrand Buma in needoardering ôfkundige hat foar it gebiet om it stadion hinne.
© ANP
Yn ferbân mei it coronafirus mei der gjin pubyk by de wedstriid wêze. De boargemaster meldt dat der "informatie bij de politie bekend is dat er personen zijn die zich (groepsgewijs) willen gaan verzetten tegen deze maatregelen". Dat is ien fan de redenen dat de gemeente no optreedt.
De wedstriid tusken Cambuur en Hearrenfean begjint om 12.15 oere, en is rjochtstreeks te folgjen by Omrop Fryslân.
21:11

"We hebben zo vaak te laat ingegrepen, mooi dat we nu een keer vroeg zijn"

"Het klinkt misschien gek, maar persoonlijk ben ik wel gelukkig met deze maatregelen." Dat seit mikrobiolooch Anne Marie van Elsacker, dy't de baas is fan it Ljouwerter laboratoarium Izore.
© ANP
"We hebben zo vaak te laat ingegrepen, het is mooi dat we nu een keer vroeg zijn", seit Van Elsacker.
De omikronfariant is ferfelend, seit Van Elsacker, omdat dy hiel hurd om him hinne grypt. "We hebben niet de luxe om te wachten, we moeten vol in de rem."
It liket derop dat de faksins dy't der no binne, 'beduidend minder goed' beskermje tsjin de omikronfariant as tsjin de eardere deltafariant fan it firus, seit Van Elsacker.
De boosterprik hat wol deeglik in effekt, seit se. "Vandaar dat men daar op hamert. Het is het beste dat we hebben."
20:43

Hoarekabaas: Soargen oer mentale sûnens ûndernimmers

No't de krisis oanhâldt, wurde de soargen oer de mentale sûnens fan ûndernimmers hieltyd grutter. Dat seit de foaroanman fan de Fryske hoarekasektor, Melle Bakker. "It wurdt hieltyd dramatysker."
Foarsitter Melle Bakker fan de Fryske ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland (KHN) © Omrop Fryslân
Earder wie it de jildpine, mar no is it de mentale sûnens dy't foaroan stiet yn de oerlizzen mei wurknimmers, wurkjouwers en oerheden, seit Bakker. "We krije all dagen in protte sinjalen dat hjir wat oan dien wurde moat."
Bakker neamt de nije lockdown 'ferfelend, mar needsaaklik'. "We ha der allegearre belang by dat we dizze golf no sa goed mooglik troch komme."
20:15

Buma: Dit is wel heel fors

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert is de foarsitter fan de Fryske feilichheidsregio. Hy neamt de maatregels dy't hjoed oankundige binne "wel heel fors."
© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Neffens Buma moast it wol. "Ik ben bang dat het niet anders is, omdat de omikronvariant zo onvoorspelbaar is."
It is hast net mear te fernearen, seit Buma. "Dat is het punt van deze crisis. Die is zwaarder dan we in ons leven hebben meegemaakt, omdat het zo lang duurt en omdat er steeds weer een nieuwe variant is."
Sybrand Buma: "De rek was er al uit"
20:12

Rutte: Net neitocht oer jûnsklok

It opnij ynfieren fan in jûnsklok is 'niet overwogen', seit premier Mark Rutte. Oft in jûnsklok letter noch ynfierd wurde kin, wol Rutte net sizze: "Wij menen dat dit nu, op basis van het advies van het OMT, het beste pakket aan maatregelen is."
20:11

Van Dissel: Faksin tsjin firus 'dat nergens meer is'

RIVM-baas Jaap van Dissel seit dat der in nij faksin komme moat tsjin de nije firusfarianten. "Het huidige faksin beschermt straks tegen een virus dat nergens meer is, behalve misschien in een paar vriezers in een laboratorium."
Van Dissel: "Het virus heeft een andere jas aan"
20:02

CNV: Stipe fan oerheid is 'no-brainer'

De nije lockdown is 'de safolste klap' foar minsken dy't in de hoareka en de winkels wurkje. Dat seit de Fryske foarsitter fan it fakbûn CNV, Piet Fortuin, yn in earste reaksje op de coronaparsekonferinsje. It fakbûn fynt dat der stipe komme moat foar ûndernimmers en wurknimmers.
"De klap is grut, by in protte bedriuwen en wurknimmers. Se moatte ynienen ticht, flak foardat de krystomset komme soe. Krekt as foarich jier. Dat is de safolste tsjinslach foar lytse bedriuwen", seit Fortuin. "Stipe fan de oerheid is in 'no-brainer'.
It fakbûn ropt it kabinet op om mei in fisy te kommen foar de lange termyn. Mear as de helte fan de leden soe net tefreden wêze oer de corona-oanpak fan it kabinet. "Nei dizze klap kin dat persintaazje noch wol heger wêze", seit Fortuin.,
19:43

Tsientallen minsken demonstrearje tsjin coronabelied yn Harns

Tusken de 80 en de 100 minsken ha yn Harns demonstrearre tsjin de nije lockdown. Earder wie dêr ek alris sa'n demonstraasje, mar doe wiene der mar sa'n 15 minsken by.
© CAMJO Media
De demonstranten binne net bliid mei de nije lockdown, mar de demonstraasje tsjin it coronabelied wie al pland foardat dúdlik waard dat der hjoed in parsekonferinsje wêze soe.
Sjoch hjir nei bylden fan de demonstraasje:
19:29

In oersjoch fan de maatregels

De lockdown dy't it kabinet oankundige hat, is swierder as de earste 'yntelliginte' lockdown fan in jier lyn. Bûten meie minsken no noch mar mei maksimaal twa persoanen byinoar wêze.
19:26

Rutte: Twee jaar ellende

"We staan niet bovenaan het lijstje qua boosteren", seit Rutte, as er frege wurdt nei it stadige begjin fan de boosterkampanje. "Maar het is niet zo dat andere landen geen zware maatregelen hoeven te nemen."
© ANP
Rutte begrypt wol dat minsken klear binne mei it firus. "Ik vind het echt verschrikkelijk. Voor het hele land, voor al die mensen die naar de kerstdagen verlangden, dat we al twee jaar in deze ellende zitten. Ik heb er vannacht niet van geslapen."
Rutte: "Ik heb er niet van geslapen"
19:20

De Jonge: Boosterprik 'moet'

De Jonge wiist op it belang fan de boosterprik. "Dat moet. Anders bent u niet genoeg beschermd tegen omikron."
© ANP
Neffens de minister kinne alle 18-plussers dy't langer as trije moannen lyn de lêste prik hân ha, foar 7 jannewaris in ôfspraak makke ha foar de booster.
De omikronfariant kin neffens De Jonge foar grutte druk soargje op de soarch.
19:18

De Jonge: We kunnen geen risico nemen

"We kunnen geen risico nemen", seit sûnensminister Hugo de Jonge. "Daarmee kopen we tijd. Tijd om meer te leren over het omikronvirus, en tijd om meer boosterprikken te zetten."
19:12

Lockdown oant en mei 14 jannewaris

Rutte: De nije lockdown giet moarnier yn om 05:00 oere, en duorret oant en mei 14 jannewaris.
Underwiis en bûtenskoalse opfang geane foarearst oant 9 jannewaris ticht.
19:02

RIVM: Omikronvariant 'dominant' foar nijjier

De omikronfariant is nei alle gedachten foar Ald en Nij al de dominante virusfariant. Dat seit Jaap van Dissel fan it RIVM. Dizze fariant soe foar in pyk soargje kinne "die de zorgcapaciteit ruim kan overschrijden", seit Van Dissel.
It kin noch in skoft duorje foardat it dúdlik is hoe siik oft minsken wurde kinne fan de omikronfariant, seit Van Dissel.
19:01

Rutte 'somber' op ekstra parsekonferinsje: "Nederland gaat nog een keer op slot"

Premier Rutte is 'somber', sei er by it begjin fan de parsekoferinsje dêr't er in hurde lockdown yn oankundiget. "Nederland gaat nog een keer op slot."
© ANP
In nije lockdown is "onvermijdelijk vanwege de vijfde golf die met omikron op ons afkomt", seit Rutte. Dy mutant fan it coronavirus "verspreidt zich sneller dan we al vreesden". Yngripe is nedich "om erger te voorkomen."
Rutte: "Dit belooft niet veel goeds"
17:51

CBR plant foarearst gjin nije eksamen- of toetsôfspraken yn

Der kinne foarearst gjin nije rydeksamens of teorytoetsen ynpland wurde by it Centraal Bureau Rijvaardigheidsbewijzen (CBR). It CBR hat dêrta besletten yn ôfwachting fan de parsekonferinsje. Alles liket derop dat it kabinet in hurde lockdown oankundigje sil, dat soe betsjutte dat ek kontaktberoppen lykas rydynstrukteur foarearst it wurk stillizze moatte.
17:35

Undersyk Hart van Nederland: Measte minsken fine nije lockdown te swiere maatregel

De measte Nederlanners (54 persint) fine in nije lockdown in te swiere maatregel. Dat docht bliken út in panelûndersyk fan Hart van Nederland ûnder goed 2200 minsken. Goed tsien persint fan de dielnimmers fynt de maatregelen just noch net swier genôch, 31 persint is it wol iens mei de lêste plannen.
17:02

Sjinkie Knegt yn karentêne

Shorttracker Sjinkie Knegt wol gjin risiko nimme yn oanrin nei de Olympyske Spelen: hy sûnderet him ôf om besmetting mei it coronafirus foar te kommen. Knegt wennet no net mear by syn frou en bern.
"Ik ha twa jonge bern. Dy binne in risikofaktor, en dat kinne je no net brûke." De bern boartsje mei freontsjes en freondintsjes, seit Knegt, "en dan witte je noait wat je yn 'e hûs helje."
Hjoed is dúdlik wurden dat Knegt him pleatst hat foar de Olympyske Spelen.
Sjinkie Knegt: "As se yn Sina corona fine, kinst mei it earste fleantúch wer werom, en dat wol ik foarkomme"
16:43

Fryske derby giet snein gewoan troch

De nije lockdown hat gjin gefolgen foar de Fryske derby tusken Cambuur en Hearrenfean. It earedivyzjefuotbal giet gewoan troch. Dat meldt de NOS.
It is foar it earst sûnt fiif jier dat de Fryske derby wer spile wurde sil. Yn ferbân mei de coronamaatregels mei der gjin publyk by de wedstriid oanwêzich wêze.
SC Cambuur - sc Hearrenfean © Omrop Fryslân
16:12

Boarnen oer de nije lockdown; parsekonferinsje om 19.00 live by Omrop Fryslân

Boarnen befêstigje dat der in hurde lockdown ôfkundige wurde sil. Njonken it sluten fan net-essinsjele winkels, skoallen en hoareka, soene minsken bûten net mear mei mear as twa persoanen by mekoar wêze meie. Binnendoar soene der maksimaal twa besikers komme meie.
Rutte, De Jonge en Van Dissel ljochtsje de maatregels jûn om 19.00 yn in parsekonferinsje ta. Dy parsekonferinsje is live te folgjen by Omrop Fryslân.
15:30

Kabinet kundiget hurde lockdown oan oant en mei 14 jannewaris

It kabinet kundiget in hurde lockdown oan oant en mei 14 jannewaris fanwegen de omikronvariant. Dat betsjut dat skoallen, hoareka, trochstreamlokaasjes en net-essinsjele winkels foarearst de doarren slute moatte. Dat jildt ek foar bioskopen, museums en net-medyske kontaktberoppen. Allinnich saneamde essinsjele winkels, sa as supermerken, meie yn sa'n hurde lockdown iepen bliuwe.
15:20

RIVM: 617 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 617 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 88 mear as freed. Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 14.742.
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
15:07

Ljouwerter ûndernimmers: "Dit sil dochs net wer gebeure?"

De detailhannel sit bot yn oer de driigjende lockdown, dy't it kabinet saterdeitejûn mooglik oankundiget. Allinne essinsjele winkels, sa as supermerken, soene mei in hurde lockdown iepenbliuwe meie. Undernimmers yn de Ljouwerter binnenstêd binne benaud foar de nije maatregelen. Undernimmer Annika Lont kin it hast net leauwe. "Dit sil dochs net wer gebeure?"
Oare ûndernimmers yn de stêd ferwachtsje in mokerslach foar de omset, hielendal yn de krystperioade. "Daar zitten we niet op te wachten, zeker niet. Het is de belangrijkste periode van het jaar. Het zal wel weer verschrikkelijk zijn."
14:18

Mear drokte yn de winkelstrjitten

It is yn de winkelstrjitten op in soad plakken drokker as oars op saterdeis. It is gewoanwei al drokker yn it wykein foar de krystdagen, mar de hurde lockdown dy't mooglik oankundige wurdt, soarget derfoar dat noch mear minsken hjoed de lêste ynkeapen by net-essinsjele winkels dwaan wolle. Yn gefal fan in hurde lockdown soene dy winkels allegearre de doarren slute moatte.
13:42

Arjen Jongsma wol polarisaasje yn it coronadebat tsjingean mei webside

Arjen Jongsma fan Haulerwyk wol mei in webside de polarisaasje yn it coronadebat tsjingean. Jongsma hat yn 2009 sels slim siik west fan de gryp en wol mei de webside warskôgje foar it firus. Hy moast oerstappe op in oar libbenspatroan, en dêr wol hy no foar warskôgje mei it coronafirus. "Net mear daagliks wurkje, in tal dagen yn de wike rêstich oan dwaan. De dagen dat it wol goed giet, moatte je koesterje."

Webside

Jongsma sjocht in soad reaksjes op coronanijs dy't hy fiersten te fier gean fynt. Dêr wol er mei in webside wat oan dwaan. Der binne yntusken hast twahûndert minsken dy't it inisjatyf stypje. "We hoopje dat we noch in flink tal mear minsken dy stipebetsjûging tekenje", seit Jongsma. Uteinlik wol er wittenskippers benaderje, om dêr ferhalen op ynternet en nepnijs oan foar te lizzen.
12:40

Undernimmers hâlde rekken mei hurde lockdown

Ferskate ûndernimmers spylje yn op de berjochten dat der jûn mooglik in hurde lockdown oankundige wurdt. De ferwachting is dat net-essinsjele winkels foarearst de doarren slute moatte. Dêrom wize ûndernimmers klanten no bygelyks al op de mooglikheden om guod besoargje te litten.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
12:05

Jûn om 19.00 parsekonferinsje

Rutte, De Jonge en Van Dissel jouwe jûn om 19.00 oere in parsekonferinsje nei oanlieding fan de nije omikronfariant. It kabinet hat noed oer de "zorgelijke beelden" dy't der oer de nije fariant binne, en sil mooglik kieze foar in hurde lockdown.
11:44

Omikronfariant ferspriedt fluch; fêststeld yn 89 lannen

De omikronfariant giet hurd rûn oer de wrâld, de nije fariant is yntusken fêststeld yn 89 lannen. Dat meldt de WHO.
Neffens de Wrâldsûnensorganisaasje ferspriedt de nije fariant him flugger as de deltafariant. By omikron soe it tal besmettingen yn in perioade fan oardel oant trije dagen ferdûbelje. Oer it ferrin fan in besmetting mei de nije fariant is noch hieltyd net in soad dúdlik.
10:45

Drokte by kappers

It is drok by kappers, no't der berjochten binne dat der mooglik in hurde lockdown oan komt. Guon kappers kinne hast gjin nije ôfspraken mear ynplanne, al ferskilt dat yn elk plak. Mei sa'n hurde lockdown soene kappers wer ticht moatte.
Brânsorganisaasje ANKO seit dat it al in pear wiken drok is by kappers. It is altyd drokker yn oanrin nei de feestdagen, de driging fan in lockdown soe der noch wat oan bydroegen ha.
08:50

Nei alle gedachten hjoed noch parsekonferinsje

Nei alle gedachten wurdt der hjoed al wer in parsekonferinsje hâlden om de nije coronamaatregels bekend te meitsjen. Yn de rin fan de moarn hat it demisjonêre kabinet oerlis mei de boargemasters en yn de middei is der ekstra kabinetsberied oer it lêste OMT-advys om sa gau as mooglik in hurde lockdown yn te fieren.
It is ek oannimlik dat eventuele nije maatregels al dit wykein yngeane, om in stoarmrin op winkels en restaurants foar te wêzen.
08:12

OMT advisearret hurde lockdown

It Outbreak Management Team (OMT) advisearret it kabinet om de kommende wiken in folsleine lockdown yn te fieren. Dit hat alles te krijen mei de omikronfariant fan it coronafirus. Neffens it OMT kin allinnich in lockdown de flugge fersprieding fan de fariant yn Nederlân noch ôfremje. De maatregels geane mooglik dit wykein al yn.
Alle sektoaren soene slute moatte neffens it OMT, útsein essinsjele winkels sa as supermerken, apoteken en drogisterijen. Oft it demisjonêre kabinet it advys opfolget, moat hjoed dúdlik wurde, want dan sil deroer praat wurde.
08:00

Wolkom by dit liveblog

Wolkom by it liveblog fan sneon 18 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.