Mbû-ynstellings sille oan de slach mei de Fryske taal

Trije Fryske mbû-ynstellings hawwe mei de provinsje en de Afûk ôfspraken makke oer hoe't se mei it Frysk oan de slach sille yn it ûnderwiis. De skoallen fine it belangryk dat de mbû-studinten Fryske les krije, omdat in protte fan harren der letter yn har wurk mei te krijen ha sille.
© Afûk
De skoallen hawwe de ôfspraken makke yn it ramt fan it Taalplan Frysk 2030. Dat is in plan om it Frysk in struktureel plak te jaan yn it Fryske ûnderwiis.

Frysk foar it beropslibben

Ut ûndersyk hat bliken dien dat by mear as de helte fan de bedriuwen wurknimmers faak yn kontakt komme mei bygelyks Fryske klanten. En trije kwart fan de bedriuwen fynt it belangryk dat wurknimmers it Frysk ferstean kinne.
"Krekt dêrom is it wichtich om binnen harren beropsoplieding goed omtinken te hawwen foar de meartalige situaasje yn Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal", seit deputearre Sietske Poepjes.