Fryske dykgraaf keazen yn deistich bestjoer lanlike Unie van Waterschappen

Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân is opnommen yn it bestjoer fan de lanlike Unie van Waterschappen. Kroon sil tenei de belangen fan de wetterskippen ek nasjonaal en ynternasjonaal behertigje.
Dykgraaf Luzette Kroon fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
It beslút is naam yn de ledegearkomste fan de feriening fan de 21 Nederlânske wetterskippen. Yn it deistich bestjoer sitte seis leden, dy't foar in perioade fan trije jier beneamd wurde.

Ynnovaasje en ynternasjonaal

De oandachtgebieten fan Kroon wurde ynnovaasje yn it wetterbehear en it fersterkjen fan de ynternasjonale bân mei Europa en op Dutch Water Authorities.