'Gondelvaart op Wielen' fan Droegeham ymmaterieel erfgoed: "Kroan op it wurk"

De tritich blommekorso's dy't Nederlân hat steane op de UNESCO-list mei ymmaterieel erfgoed. Dêrmei ek de 'Gondelvaart op Wielen' fan Droegeham. "It is in kroan op it wurk en de enerzjy dy't wy altyd yn it evenemint stekke", seit foarsitter Jellie Hamstra.
Ien fan de weinen yn 2016 © Gondelvaart op Wielen
De Hamster korso seach al hast twa jier út nei dit momint. Yn 2018 waard de 'Corsokoepel' oprjochte as lanlik gearwurkingsferbân, mei as doel ynternasjonale erkenning fan de optochten mei blommeweinen en alles wat dêr by heart.
"Je moasten in hiel dossier oanlizze. Dat hat de korsokoepel dien, mei input fan alle korso's. Dat is troch de minister oanbean", leit Hamstra út. Lanlik hiene de korso's wol erkenning, mar ynternasjonaal noch net.

'Kribel yn 'e búk'

Tongersdei wie it momint fan de wierheid. "Der wie in livestream út Parijs wei, dêr't UNESCO byinoar kaam om alle foardrachten te behanneljen. Op in gegeven stuit wie 'corso culture of The Netherlands' oan bar. Doe sloech er de hammer: 'adopted.' Ik hie wol in kribel yn de búk. It is wol hiel bysûnder dat ús korsokultuer op sa'n list stiet."
© Gondelvaart op Wielen
Better koe net, fynt Hamstra. "Wy hoopje dat dit plak op de list noch mear besikers nei ús ta lûke kinne. Wat wy dogge is hiel bysûnder. Net perfoarst taastber, mar wat dat je al mear as fyftich jier lang trochjouwe. Dat je it mei frijwilligers foarinoar krije is hiel moai."

Mienskipsgefoel

Ymmaterieel erfgoed kin neffens UNESCO bestean út tradysjes, rituelen, gebrûken en ambachten dy't in mienskip in identiteitsgefoel jouwe. Boppedat wurdt it trochjûn. It giet by de nije status om grutte korso's lykas dy fan Zundert, mar ek om lytsen, lykas dy fan Droegeham.
Neffens de organisaasje fan Droegeham smyt it de kâns op om je noch mear te profilearjen as evenemint.
Foarsitter Jellie Hamstra fan de Gondelvaart op Wielen
De 'Gondelvaart op Wielen' bestiet sûnt 1968. Doe waard der in kommisje oprjochte om in feest te hâlden mei de winkelwike yn it doarp. In gondelfeart lykas dy fan Aldeboarn of De Knipe woe Droegeham ek wol. Dan mar ien op tsjillen, wie it idee. Yn 1998 is der spesjaal in stichting organisearre. Yn 2019 waard de 50ste 'Gondelvaart op Wielen' holden.
Hamstra hopet wol dat de coronasituaasje gau wer in 'Gondelvaart op Wielen' talit. "As je it twa jier net hân hawwe, dan merke je dat it dochs wat fan je ôf stean giet. It is hieltyd spannend oft it trochgean kin. Mar wy wolle it net ferdwine litte út ús mienskip."