Noch in soad iepen eintsjes by de Lelyline

Der is noch in lange wei te gean foar't der genôch jild op tafel leit foar de oanlis fan de Lelyline. De 3 miljard dy't mei it koälysjeakkoart tasein is, is in earste stap. Mar ôfstel is dêrmei noch net weinaam.
In trein fan de NS © ANP
Hoewol't in ûndersyk yn opdracht fan it Ryk en it Noarden sjen litten hat dat de Lelyline tusken de 4,2 en 6,4 miljard euro kostet, hâldt it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat rekken mei in folle heger bedrach fan 5 oant 10 miljard euro. Dan is de opjefte foar it winnen fan fûnsen noch grut.
Boppedat lizze de koälysjepartijen de bal by de regio: Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân moatte in flink bedrach op it kleed lizze. Ek moatte der miljarden út Europa wei komme.
Vooral welwillendheid van de regio laten zien.
Ton Schroor (direkteur VNO-NCW Noord)
"Het is niet reëel om miljarden uit de regio te verwachten", seit VNO-NCW Noord-direkteur Ton Schroor. Hy skat yn dat de oerheden wol in miljoenebedrach foarinoar krije kinne. "Dat moet naar Den Haag vooral de welwillendheid van de regio laten zien."
It ministearje wurke yn de ôfrûne jierren faker oan deals wêrby't de regio noch in flink bedrach dellizze moast, bygelyks by de Noord-Zuidlijn en de ringline Sloterdijk-Amsterdam Centraal.

Gemeenten ha minder jild

It is mar de fraach oft Noard-Nederlân wol sa'n bedrach op tafel lizze kin. De provinsjes hawwe ynvestearringsromte, mar faak net mear as inkelde tsientallen miljoenen. Dêr komt by dat in soad gemeenten troch de desintralisaasje fan Rykstaken minder jild hawwe.
Schroor fynt dat it kabinet kreätyf sjen moat nei de mooglike ynvestearringen yn hûzebou, no't de hâlding foar de Lelyline oer posityf is. VNO-NCW giet derfan út dat mei it bouwen fan 200.000 hûzen yn Noard-Nederlân in ynvestearring fan 66 miljard euro foar de kommende 20 jier loskomt.
Dat wat fan dizze ynvestearringen oan belestingen weromgiet nei de steatskas, kin it finansieren fan de Lelyline maklik drage, tinkt Schroor. "Dan vraag je niet direct extra geld van Den Haag, maar financiert het project zich in principe zelf."
It kabinet wol ek jild út de Europeeske Uny helje. De lobbyisten fan Samenwerkingsverband Noord-Nederland besykje Brussel waarm te krijen foar ynvestearringen yn de Lelyline. In startfinansiering fan Nederlân jout de lobby in triuw yn de rêch.

Ferbining Amsterdam-Bremen

Dêrby binne twa mooglikheden. De earste is om de Lelyline tegearre mei de op it Trans-European Transport Network (TEN-T) te krijen. Ut dizze pot wei wurde sintrale ynternasjonale spoarweiferbiningen betelle, foar in part. Lidsteaten kinne dy ferbiningen foardrage.
It koälysjeakkoart sortearret foar op in foardracht fan de kombinasje Lelyline-Wunderline, wêrtroch't der in ferbining tusken Amsterdam en Bremen komme kin. Mar de Lelyline is neffens it ministearje noch net foardroegen.
Boppedat is de foardracht fan ien lidsteat net genoch. Dútslân soe dat dan ek dwaan moatte. De Industrie- und Handelskammer Nord, de Dútske Keamer fan Keaphannel, hat de winsk wol ta útdrukking brocht. Mar Dútske oerheden moatte der noch wol mei oan de gong.

Corona kâns foar Lelyline

De twadde opsje foar finansiering út Europa wei is út it Europeeske Coronawerstelfûns. Dat hat 750 miljard, mei 6 miljard foar Nederlân. Nederlân is it iennige lân dat noch gjin plannen yntsjinne hat om jild te brûken út it fûns. Guon oare lannen hawwe ek plannen yntsjinne foar spoarwegen. Dat biedt kânsen foar de Lelyline.
De Uny hat der wol in doel oan keppele: it jild moat foar 2025 ynvestearre wêze. Nei alle gedachten is dat te koart dei foar de Lelyline. Nei alle gedachten duorret it op syn minst tsien oant tweintich jier foar't de line der lizze kin, neffens belutsen oerheden en ynstânsjes.
Wol kin Nederlân útstel oanfreegje, wêrtroch't de Lelyline-Wunderline kâns hâlde kin op finansiering út it fûns.