Kommandant fleanbasis: oerlêst net de bedoeling, mar definsje hat opdracht

Dat Friezen no sa'n soad hinder ûnderfine fan it lûd fan de Ljouwerter fleanbasis is net de bedoeling, mar definsje hat no ienkear in opdracht. Dat seit kommandant Henk Doorten fan de fleanbasis.
In F-35 fan de Ljouwerter fleanbasis © ANP
Minsken dy't in healoere yn it kabaal sitte, net mear thúswurkje kinne en skoallen dy't net mear lesjaan kinne; de lûdsklachten ha net earder sa slim west as dit jier.
"We hebben de intentie om er iets aan te doen", seit Doorten. "We zijn bezig met onderzoek hoe we het geluid van de F-35 kunnen inperken. Kijken hoe hoog moeten we vliegen, hoe hard, wanneer? Dat moeten we afstemmen met de omgeving."
We gaan het onderzoek zo snel mogelijk doen, maar dat kost natuurlijk wel wat tijd.
Basiskommandant Henk Doorten
Neffens Doorten is de coronakrisis ien fan de oarsaken dat der no mear klachten binne. "Omdat mensen thuiswerken, wordt het anders ervaren dan in het verleden."
Dat de klachten ek út in grutter gebiet komme, hat neffens de kommandant te krijen mei it tastel: de F-35 makket mear lûd as syn foargonger, de F-16.
Doorten jout ta dat it op syn minst in skoft duorret foardat der ferbettering is. "We gaan het onderzoek zo snel mogelijk doen, maar dat kost natuurlijk wel wat tijd."
De gegevens dy't Definsje ophellet by it ûndersyk wurde ferlike mei de gegevens fan it lûdsmjitnet. As it allegear oerienkomt, dan wurde der nije rûtes makke en dy wurde dan wer test.
Basiskommandant Henk Doorten © ANP
De measte oerlêst wurdt ûnderfûn by grutte oefeningen. Dy net mear yn Ljouwert dwaan is gjin opsje. "Maar we proberen het tot een minimum te beperken. We gaan naar het buitenland bijvoorbeeld. Noorwegen is de plek voor een grote oefening. We werken ook samen met de Noren. De intentie is ook om in de toekomst het geluid meer te verdelen tussen Nederland en Noorwegen."

'Kontakt is yntinsiver as earst'

Yn de kommisje lûdshinder, dêr't tongersdei ûnder oare de pleatslike belangen fan Dronryp, Marsum en Stiens oer de oerlêst fertelden, kaam ek nei foaren dat der ûntefredenheid is oer de lette reaksjes fan de fleanbasis.
Doorten fynt just dat it kontakt mei de saneamde auditkommisje, dy't meisjocht op it lûdsmjitnet, goed is. "Het contact is intensiever dan in het verleden. Daarin leggen we uit dat we er zeker mee bezig zijn, maar we hebben onze taakopdracht."