Fryske Voedselbanken ha grut ferlet fan iten yn de oanrin nei de feestdagen

Nei de krystdagen ta hawwe minsken mear omtinken foar it ynsammeljen fan iten foar de Voedselbank. Dat is neffens it Fryske distribúsjesintrum yn Drachten op dit stuit ek wol echt nedich. Der binne oanhâldende tekoarten, benammen as it giet om fleis.
Voedselbanken hawwe ferlet fan produkten:
"Je ziet dat leveranciers en supermarkten veel meer op hun zaken letten. Eerst kregen we 12 pallets met voedsel, nu soms maar 1 pallet", fertelt Wim Visser. Hy is koördinator fan it distribúsjesintrum yn Drachten. Dat soarget derfoar dat it iten ferspraat wurdt oer de Fryske Voedselbanken.

Fleis

Ien dêrfan is de Voedselbank op It Hearrenfean. Hjir binne ek geregeld tekoarten, benammen oan fleis. "Der hawwe tiden west dat der yn in pakket mar ien pakje fleis siet", fertelt Hermanna Hoekstra fan de Voedselbank. " Dat wolle je fansels ek net. As der dan jild genoch is keapje wy somtiden wat fleis, mar dat hâldt ek net oer."
De kommende wiken sjogge der foar de Voedselbanken wol wat better út. Visser: "Rond de kerstdagen beginnen de kerstgevoelens weer op te spelen." Ek op It Hearrenfean fernimme sy dit. Troch de aksjes fan bygelyks ferieningen yn dizze tiid fan it jier kinne se wer efkes foarút.

Aktyf benei komme

De oplossing is op de langere termyn is dreech. Visser: "Wij moeten op een andere manier reageren op het bezuinigen van de supermarkten. Wij doen dat nu door het actief benaderen van leveranciers. Zo hebben we een leverancier benaderd die vlees aan de horeca leverde, maar door de huidige lockdown overhield, daardoor konden we weer even door."