Q&A: Olympyske kwalifikaasje stiet op it spul, mar hoe wurket de matriks?

Foar de reedriders is de 'matriks' yn 'e rjochting fan de Olympyske Spelen tige wichtich. Dy wurdt freed bekend makke, mar wat hâldt dat krekt yn? Sportferslachjouwer Roelof de Vries leit út.
© Omrop Fryslân
Hoefolle dielnimmers meie nei de Olympyske Spelen?
"Nederlân mei net mear as achttjin reedriders stjoere nei de Olympyske Spelen yn Peking. Njoggen by de froulju en njoggen by de manlju. By de lêste Spelen fjouwer jier lyn yn Súd-Koreä wiene dat noch tsien manlju en tsien froulju."
Hoefolle dielnimmers meie foar eltse ôfstân meidwaan?
"Op hast eltse ôfstân meie trije Nederlanners dielnimme. Allinnich op de 5.000 meter by de froulju, de 10.000 meter by de manlju en by de massastart dogge twa Nederlanners mei. By de ploege-efterfolging dogge fansels ek trije Nederlanners mei."
Hoe wurdt bepaald watfoar reedriders nei de Spelen gean?
"Om te bepalen hokker njoggen reedriders nei de Spelen meie en op watfoar ôfstân, is de matriks ûntwikkele. Dat is in list mei alle ôfstannen dêr't de seleksjekommisje fan tinkt dat de kâns it grutste is dat Nederlân it bêste prestearret."
"Om te bepalen op watfoar ôfstân Nederlân de grutste kâns op in gouden medalje hat, sjocht de seleksjekommisje nei de útslaggen fan alle wrâldbekers en it WK ôfstannen tusken 11 jannewaris 2021 en 17 desimber 2021. Dêrby telle de lêste fjouwer wrâldbekers yn it nije jier swierder. Dêr komt in list út."
Wat hast dan oan dy list?
"Oan de hân fan dy list kinst de nammen fan de reedriders ynfolje. As bygelyks bepaald wurdt dat de kâns op goud op de 1.000 meter it grutst is, dan komt dy boppe-oan de list te stean. Folge troch bygelyks de 1.500 meter op plak twa, de 5.000 meter op plak trije ensafuorthinne."
Kinst in foarbyld jaan?
"Nederlân hat bygelyks de wrâldkampioen op de 1.000 meter (Kai Verbij) en Nederlân hat trije kear de 1.000 meter wûn (Hein Otterspeer en twa kear Thomas Krol) by de earste trije wrâldbekers fan dit seizoen. Omdat sy op dy ôfstân sa faak wûn hawwe, is de kâns grut dat de 1.000 meter hiel heech komt te stean yn de matriks."
Watfoar Nederlanner docht dan mei oan de 1.000 meter? Hoe wurdt dat bepaald?
"Dêr spilet it OKT in wichtige rol yn. It OKT is de ôfkoarting foar 'Olympysk Kwalifikaasje Toernoai'. Ast as reedrider bygelyks op it OKT op in earste plak terjochte komst op de 1.000 meter en dy stiet heech op de matriks, dan bist wis fan in plak op de Olympyske Spelen."
Sven Kramer is ien fan de reedriders wêrfoar der in soad op uit spul stiet © Orange Pictures
Wa beslút dit eins allegearre?
"Remy de Wit is technysk direkteur, Freek van der Wart is dissiplinemanager langebaan en der is noch in ynhâldssaakkundige, sa as it reedrydbûn dat omskriuwt yn de seleksjeproseduere."
En hoe sit it mei de massastart en de ploege-efterfolging?
"De twa dielnimmers oan de massastart en de trije dielnimmers oan de ploege-efterfolging wurde oanwiisd troch de bûnscoach Jan Coopmans."
Op hokker Friezen moatte we lette?
"Dat binne der in hiel soad. Spannend wurdt it fansels foar Sven Kramer. Hy hat noch net sjen litten dat er yn foarm is. Kin er noch ien kear knalle? Dat moat dan op de 5000 meter gebeure. Of miskien noch op de 10 kilometer."
Mar der binne wol mear Friezen, dochs?
"Jawis. By de manlju makket Jorrit Bergsma in grutte kâns en is Marwin Talsma kânshawwer. By de froulju soe it in teloarstelling wêze as Femke Kok, Ireen Wüst en Antoinette de Jong harren net pleatse, mar ek Michelle de Jong, Marijke Groenewoud en Marrit Fledderus meitsje kâns. En kin Suzanne Schulting ferrasse?"
Wannear is it OKT?
"Twadde krystdei is de earste dei en it duorret oant en mei 30 desimber. Alle dagen binne twa ôfstannen."
It OKT is alle dagen te folgjen by Omrop Fryslân. Ferslachjouwers Andor Faber en Roelof de Vries dogge liveferslach op de radio mei âld-reedriders Douwe de Vries en Jesper Hospes. Oan de ein fan eltse dei ferskynt in podcast oer it OKT.