Friso Douwstra wiis mei kabinetsstipe Thialf: "It sjocht der hiel goed út"

"It sjocht der hiel goed út", seit deputearre Friso Douwstra, dy't Thialf yn de portefúlje hat. Mei it nije regearakkoart is dúdlik wurden dat it iisstadion de kommende fjouwer jier rekkenje kin op in miljoen it jier.
Friso Douwstra © Omrop Fryslân
It wurd Thialf wurdt mar ien kear neamd yn de budzjettêre bylage fan it koälysjeakkoart, en dan ek nochris tusken twa heakjes: "Vanaf 2022 is structureel 25 miljoen euro beschikbaar voor het stimuleren van sport en bewegen in het kader van het bevorderen van de gezondheid (inclusief Thialf)."

Yn kontakt mei ministearje

It bedrach fan 1 miljoen is it bedrach dat it iisstadion struktureel tekoart komt. De fjouwer miljoen foar de kommende fjouwer jierren komme út de strukturele bydrage fan 25 miljoen euro dy't beskikber is foar it stimulearjen 'van sport en bewegen'.
Direkteur Marc Winters fan Thialf hat yn oare media al oanjûn it fantastysk nijs te finen. De Twadde Keamer moat noch wol grien ljocht jaan, mar in pear wiken lyn gie de Keamer ek akkoart mei in bydrage fan 1 miljoen foar ien kear.
Deputearre Friso Douwstra
"Ik bin bliid mei de sinjalen, dy sjogge der goed út," seit Douwstra. "De kommende wiken bliuwe wy yn kontakt mei it ministearje."

"Goed ein op streek"

Op 11 jannewaris sil de deputearre Provinsjale Steaten ynformearje oer de stân fan saken. "Wy binne der noch net", jout Douwstra wol ta. "Thialf hat altyd in útdaging west. Mar úteinlik is Thialf net in probleem, mar just in útkomst foar de breedte- en de topsport. Dat moatte wy mei-inoar stypje. Wy binne in goed ein op streek om de útdagingen op te lossen."
Sa soe it iisstadion op It Hearrenfean ek noch mear in sintrum wurde moatte foar sporten lykas it keunstriden en de shorttrack. "Oare sporten binne fan herte wolkom, dat is ek ien fan de punten dêr't de KNSB mei dwaande is. Nei oanlieding fan it rapport fan Pier Eringa binne de partijen der al mei dwaande om dat foarinoar te krijen."