Eaststellingwerf moat bestimmingsplan Prikkedaam yn Makkingea oanpasse

De gemeente Eaststellingwerf krijt 26 wiken de kâns om in tal tekoartkommingen oan it bestimmingsplan fan motorcrossterrein de Prikkedaam yn Makkingea oan te passen. It giet om in slepend skeel mei buorlju fan de baan.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It beslút is naam troch de Ried fan Steat. It is in tuskenfûnis, dat is in ôffaller foar de gemeente. Sy hiene hope op in einfûnis.

Lûdsnoarmen

Yn it bestimmingsplan binne trainingen en wedstriden mooglik. De Ried fan Steat wol dat der in bettere garânsje komt fan de gemeente dat de lûdsnoarmen net skeind wurde. Dêr is no net genôch wissichheid oer omdat swierdere motors ek meidwaan kinne.
De gemeente moat dochs noch fersekerje dat de lûdsbelêsting mei wedstriden net boppe it maksimum komt, en dus regelje dat swierdere motors net meidwaan kinne oan de wedstriden op de Prikkedaam.

Better ûnderbouwe

Ek is net dúdlik wat de ferhâlding is tusken twatakt en fjouwertakt motors. Ek dat hat mei de lûdsnoarmen te krijen. Der binne noch in pear saken dy't better motivearre wurde moatte troch de gemeente.
As oan dy saken foldien wurdt dan kin de Prikkedaam wer as motorcrossbaan brûkt wurde en ha de beswiermakkers de saak ferlern. Dan soe it wen- en leefklimaat net ûnakseptabel oantaast wurde.