Fikingen en Friezen: wat ha se ús neilitten?

In soad Friezen binne der wis fan: wy binne famylje fan de Fikingen. Mar hoe sit dat no echt? Watfoar rol ha de Fikingen yn ús skiednis hân?
Dêroer fertelt Nelleke IJssennagger-van der Pluijm yn de twadde Thúsakademy:
De Fikingen: dy stoere fjochtersbazen út it hege noarden, dêr fiele wy ús graach ferbûn mei. En dat is ek net sa gek, want it is wis dat de Fikingen hjir yn de iere Midsiuwen omhúsmanne ha. Mar wat hat de rol fan de Fikingen no presys west yn ús skiednis, en wat ha se ús neilitten?

De Fikingen yn âlde Fryske gebieten

Nelleke IJssennagger-van der Pluijm (direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy) hat jierrenlang ûndersyk dien nei de Fikingen yn de âlde Fryske gebieten en is promovearre op dit ûnderwerp. Hoe kamen de Fikingen hjir telâne en wat fierden se út? Hoe ferholden de ynwenners har ta dy ynrkingers, en wiene it werklik fan dy wylde rôvers en moardners? Wat ha de Fikingen neidat se ferdwûn wiene oan ús neilitten?
De trije sprekkers: Goffe Jensma, Nelleke IJssennagger - van der Pluijm en Arjen Dijkstra © Omrop Fryslân
Trije wittenskippers jouwe yn de desimbermoanne kolleezjes oer de ferhalen achter mytes dy't sy ûndersocht hawwe en de nije ynsichten dy't dat opsmiten hat.
Thúsakademy 'De myte foarby' It ferhaal oer Fikingen en Friezen wie woansdei 15 desimber om 20.30 oere live op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân.