Nij wurk by Caparis: produksje fan elektryske weintsjes

By it sosjaalwurkbedriuw Caparis yn Drachten meitsje se elektryske 45-kilometerweintsjes. De Max Mobiel is in kombinaasje fan in scootmobyl en in auto. It is foar it earst dat in sosjaalwurkbedriuw frege is om de produksje fan sa'n wein te dwaan.
Minsken fan Caparis kinne grutsk wêze op it wurk:
It doel is om achttjin fan dy weintsjes te meitsjen. Dêr krije se in pear moannen de tiid foar, om de bernesyktes derút te heljen en om deroan te wennen.
Tsien oant fyftjin meiwurkers sille dermei oan de slach. "Dit is geweldich", seit algemien direkteur Alex Bonnema entûsjast. "We hienen in pear jier lyn net tocht dat we no auto's meitsje sille. As it befalt, dan kinne we tsientallen, of miskien sels hûnderten fan dizze weintsjes meitsje."
Allroundmonteur Hille Bleeker is ien fan de earsten fan Caparis dy't se yn elkoar set. "It is hartstikke moai om dit te dwaan. It is allegear noch wat nij en it is wol wat oars as ynpakken. It is in hiele útdaging."
Er is een grote behoefte aan sociale mobiliteit.
Paul van Koppen (Max Mobiel)
De Max Mobiel is bedoeld foar op de stoep, krekt as in scootmobyl. Der binne op dit stuit 150 fan sokke autokes yn Nederlân. De doelgroep leit yn de soarch, by oerheids- en sûnensynstellingen. Caparis wie in logyske partner, neffens Paul van Koppen fan Max Mobiel.
"Onze auto is voor de zorg, door de zorg. We willen graag auto's produceren in Fryslân en dat op een sociale manier doen. Er is een grote behoefte aan sociale mobiliteit."

Max is tafal

It is tafal dat it autoke deselde namme hat as in Formule 1-koereur. "Maar daar profiteren we nu wel van en dat betekent dat we er veel leuke reacties op krijgen", seit Koppen.
By Caparis hawwe se noch mear plannen. Harren 'zonnepaneelvergruizers' ha dit jier in priis wûn. "Dy nimme we yn febrewaris yn produksje", lit direkteur Bonnema witte. "Dan binne we ien fan de earste bedriuwen dy't dat docht. Dat is ek weardefol wurk. Minsken moatte net dwaande hâlden wurde, mar ergens mei oan de gong wêze dêr't se grutsk op wêze kinne en fan sizze kinne: dêr doch ik oan mei!"