Fan mûne oant koetshûs: provinsje stekt 1,5 miljoen yn monuminten

De provinsje stekt 1,5 miljoen euro yn it opknappen fan 33 monuminten yn Fryslân. It giet likegoed om ûnderhâld as om restauraasje, fan mûnen en tsjerken, oant in koetshûs en in gemaal.
Der giet hast 55.000 euro nei de toer fan de Petrustsjerke fan Wânswert © Shutterstock.com (Fortgens Photography)
De 1,5 miljoen giet nei Ryksmonuminten, mar ek nei gemeentlike monuminten en karakteristike gebouwen. Sa krijt mûne De Zwaluw fan Burdaard nije wjukken.
De monuminten steane yn Damwâld, Ljouwert, Minnertsgea, De Hommerts, Dronryp, Wânswert, De Fochtel, Piaam, Beestersweach, Deinum, Marsum, Burdaard, Menaam, Lollum, Sint-Jânsgea, Jislum, Ferwert, Jorwert, Bakhuzen, Oentsjerk, Aldegea, Heech, Ryptsjerk, Nijetrine en Goutum.

Klinkend erfgoed

De Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed hat foar ien kear ek in subsydzjeregeling foar 'klinkend erfgoed' lykas oargels en klokken iepensteld. Mei dizze subsydzje kin it grutste part fan restauraasje fan dy kostbere ynstruminten betelle wurde.
Ien fan de oanfragen giet oer it oerwurk fan de tsjerke fan Deinum. Dat is in smei-izeren toeroerwurk út 1589 fan oerwurkmakker Pieter Andries. Dêrfan binne yn Fryslân noch mar trije bewarre bleaun. Nei de restauraasje kin it oerwurk wer yn gebrûk naam wurde, sa is de bedoeling. Ek it toeroerwurk fan Wânswert en de oargels fan Damwâld, De Hommerts en Ljouwert wurde opknapt.