Frjentsjer skeakelet alle ljochten út foar stjerreloft-projekt Daan Roosegaarde

Frjentsjer giet fan ljocht nei tsjuster. Keunstner en útfiner Daan Roosegaarde set yn de Fryske stêd útein mei in ljochtprojekt: Seeing Stars. It moat ljochtfersmoarging tsjingean en it ûnderfinen fan de stjerreloft as in foarm fan universeel erfgoed op de kaart sette.
© Studio Roosegaarde
Frjentsjer is de startlokaasje fan it ynternasjonale ljochtprojekt, dat ek nei stêden as Leiden, Sydney, Venetië, Stockholm en Reykjavik ferhuzet. Earder dit jier binne yn Frjentsjer al opnamen makke, yn gearwurking mei de gemeente.

Skjintme fan de stjerreloft

Troch it ljocht út te dwaan wol Roosegaarde de skjintme fan de himel en de stjerren sjen litte. Yn gearwurking mei UNESCO Nederland wol Roosegaarde stêden oproppe it natuerlike nachtljocht werom te bringen. Dat moat minsken ek it gefoel jaan dat sy mei-inoar ferbûn binne.
Frjentsjer is opnommen op inisjatyf fan Merk Fryslân, dat graach omtinken hawwe wol foar it Waadgebiet. Der is in film makke dêr't ek boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke yn oan it wurd komt. Sy is der grutsk op dat har stêd de stjerren wer efkes nei de minsken ta brocht hat.

Ferburgen ljochtfoarstelling

"Ik realiseerde me dat er iedere nacht een geweldige lichtvoorstelling in onze lucht verborgen is", seit Roosegaarde. "Seeing Stars brengt de sterren terug naar onze eigen straat. De sterren zijn één lichtschakelaar van ons verwijderd."
Daan Roosegaarde oer it projekt
"Het doel is om verbeelding en verwondering terug te brengen; een nieuw licht in deze soms donkere tijden" jout de keunstner oan. Neffens him hat eltsenien it rjocht om de stjerren te sjen. Oare stêden soene nijsgjirrich wêze nei it projekt om alle net-essinsjele ljochten út te setten.
In tsjuster Frjentsjer, foar 'Seeing Stars':
Mear as 80 persint fan de wrâldbefolking libbet ûnder loften dêr't in soad ljochtfersmoarging is. Seeing Stars wol oanslute by de beweging dêr't earder omtinken foar wie mei Nacht van het Wad, Earth Hour, Nacht van de Nacht, de International Dark-Sky Association en UNESCO.
Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke © Studio Roosegaarde
Yn Frjentsjer is der tiisdei in foarstelling mei in livestream mei Roosegaarde en de fertoaning fan de film. Dêr binne ek boargemaster Waanders en Adrie Warmenhoven fan it Eise Eisinga Planetarium by. It 18e-iuwske skaalmodel fan it sinnestelsel is freed troch de ministerried offisjeel foardroegen as UNESCO wrâlderfgoed.
Neffens Roosegaarde kaam de kar foar Frjentsjer ek fanwegen de bân fan de stêd mei de astronomy.
Daan Roosegaarde is as ljochtkeunstner al bekend fan ûnder oaren de ljochtstrips by de slûzen op de Ofslútdyk en de himel fan blau wetterljocht yn de binnenstêd fan Ljouwert.