Liveblog | 14 desimber 2021

Coronanijs 14 desimber: Alle maatregels ferlinge oant 14 jannewaris

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.
Bywurke: 14 desimber 2021, 22:33
tiisdei 14 desimber 2021
22:30

Oant moarn!

Oant safier it liveblog fan moandei 13 desimber. Tank foar it folgjen, moarn is der wer in nij liveblog.
22:21

Gjin lanlike ôfspraken oer help húsdokters by boosters

De lanlike húsdokterferiening (LHV) docht in oprop oan de oansletten húsdokters om te helpen by de boosterfaksinaasje tsjin it coronafirus, as se dat kinne. De help is wol frijwillich, lit de organisaasje witte: der komme gjin lanlike ôfspraken oer de help.
Demisjonêr soarchminister Hugo de Jonge wol it tempo fan de boosterprikken omheech smite. De húsdokters soenen dêrby helpe moatte. Mar neffens de LHV ha húsdokters yn in soad regio's hielendal gjin romte om by te springen, "omdat het daar al moeilijk is om de reguliere huisartsenzorg in de lucht te houden".
21:48

Gjin publyk by Fryske derby

In leech Cambuurstadion © Orange Pictures
Gjinien hie der noch op rekkene dat der wol publyk by wêze koe, mar sûnt de parsekonferinsje fan jûn is it offisjeel: de Fryske derby tusken Cambuur en Hearrenfean is snein sûnder publyk.
It is foar it earst sûnt jannewaris 2016 dat de twa teams tsjinelkoar spylje yn in offisjele wedstriid. No't it demisjonêre kabinet besletten hat dat de coronamaatregels ferlinge wurde oant en mei 14 jannewaris, betsjut it dat der oant dy tiid ek gjin publyk by sportwedstriden wêze meie.
21:07

Publyk ek net wolkom by olympysk kwalifikaasjetoernoai reedriden

Yn ferbân mei de coronamaatregels wurde sawol it olympysk kwalifikaasjetoernoai as it EK ôfstannen de kommende wiken yn in leech Thialf ferriden. Foar de KNSB betsjut dat in "substantiële schadepost. Dan hebben we het over een getal van zeven cijfers."
20:43

Boargemasters tinke oan strangere maatregels

De boargemasters fan it Veiligheidsberaad hâlde rekken mei strangere maatregels yn ferbân mei de omikronfariant fan it coronafirus. Neffens foarsitter Hubert Bruls moatte je net te lang wachtsje mei it nimmen fan maatregels. "Ook al is dat niet wat we willen horen met z'n allen."
© ANP
20:18

"Van scholen kan niet het onmogelijke worden verwacht"

De PO-Raad fynt dat it kabinet te let besletten hat om de basisskoallen te sluten. "Dat brengt onnodig veel onrust met zich mee voor scholen, onderwijspersoneel, ouders en leerlingen", seit foarsitter Freddy Weima.
"Bij heldere en tijdige besluitvorming was het mogelijk geweest alles goed te regelen. Daar drongen wij vorige week op aan. Scholen zetten zich in om de noodopvang te organiseren, omdat we weten hoe belangrijk dit is. Maar van scholen kan niet het onmogelijke worden verwacht."
20:06

Gruttere hal yn WTC foar boosterkampanje

Om de boosterkampanje yn Fryslân op tempo te bringen, komt der yn it WTC Expo yn Ljouwert in ekstra grutte hal. Dat seit boargemaster Sybrand Buma.
20:00

Italië wol in negative test fan reizgers út de EU

Alle reizgers út de Europeeske Uny dy't Italië yn wolle moatte fan tongersdei ôf in negative coronatest sjen litte kinne. Minsken dy't net faksinearre binne, moatte ek noch fiif dagen yn karantêne. De maatregels jilde yn elts gefal oant 31 jannewaris.
© ANP
19:57

De maatregels op in rige

19:53

Stipepakket foar ûndernimmers

It kabinet lûkt 4,4 miljard út foar in ekonomysk stipepakket fan ûndernimmers. Troch de coronamaatregels kinne sy yn elts gefal oant 14 jannewaris net ûnbehindere harren wurk dwaan.
19:37

Boosterprik foar alle folwoeksenen nei trije moannen

Alle Nederlanners fan 18 jier en âlder dy't op syn minst trije moannen lyn folslein faksinearre binne of opknapt fan it coronafirus, kinne yn jannewaris in boosterprik krije tsjin it coronafirus. Dat hat demisjonêr minister Hugo de Jonge oankundige yn de coronaparsekonferinsje.
19:29

'Booster wurket 75 prosint tsjin omikronynfeksje'

"Een derde prik werkt 75 procent tegen de infectie met de omikronvariant", seit Hugo de Jonge. It is lykwols noch net dúdlik of minsken ek siker wurde fan de fariant.
19:27

"Reken niet meteen op versoepelingen"

"De signalen uit Denemarken en Groot-Brittannië zijn erg zorgwekkend", seit Rutte oer de omikronfariant. "Dus reken niet meteen op versoepelingen."
19:25

"Bliuw yn de eigen bubbel"

Blijf zoveel mogelijk in de bubbel van het eigen gezin, dat is de opjefte fan Rutte oan âlden mei basisskoallebern. "Ik snap dat het voor heel veel gezinnen rampzalig is, maar we doen het omdat het echt nodig is."
19:18

De Jonge hat in boadskip foar twivelers

"Ben je nog niet geprikt, dan is de omikronvariant de reden om er nog eens over na te denken", seit De Jonge. Minsken mei twivels kinne terjochte by de Twijfeltelefoon of www.overvaccineren.nl.
19:16

Boosterprik trije moannen nei lêste faksinaasje

De Jonge seit dat eltsenien fan 18 jier en âlder trije moannen nei harren lêste faksinaasje of coronabesmetting in booster krije kin.
19:14

Boosterprik tsjin omikronfariant

De Jonge fertelt oer de omikronfariant: "Wat we wel weten over omikron is genoeg om ons serieus zorgen te maken. Hij verspreidt zich heel snel. Voor de omikronvariant is echt een boosterprik nodig om ons ertegen te beschermen."
19:11

"We verwachten dat we de piek gehad hebben."

Demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge krijt it wurd. Hy seit dat it tal besmettingen nei ûnderen giet en ek it tal sikenhûsopnamen daalt. "We verwachten dat we de piek gehad hebben."
19:07

Basisskoallen ticht

It kabinet woe der lang net oan, mar de basisskoallen slute takom wike dochs. "Zorgelijke signalen over de omikronvariant konden we niet negeren", seit Rutte
19:06

Omtinken foar senioaren

Rutte freget omtinken foar senioaren: "Beperk direct contact tussen 70-plussers en kinderen zoveel mogelijk."
19:04

Alle maatregels bliuwe fan krêft

Alle maatregels dy't no al jilde wurde ferlinge. Dit betsjut ûnder mear dat alle net-essinsjele saken om 17.00 oere slute moatte en dat der gjin publyk by sportwedstriden wêze mei.
19:02

Fjouwer besikers by de feestdagen

It tal besikers dat je ûntfange meie, giet net omheech, ek net by de feestdagen, seit Rutte.
19:01

Noed oer omikronfariant

Rutte hat noed oer de omikronfariant: "We weten nog veel niet, maar we weten wel dat deze variant zich veel sneller verspreid dan de vorige varianten."
19:00

Maatregels wurde ferlinge oant 14 jannewaris

Demisjonêr minister Mark Rutte nimt it wurd: "We hebben moeten besluiten het huidige maatregelenpakket te verlengen tot vrijdag 14 januari."
18:59

Folgje hjir de parsekonferinsje oer de coronamaatregels

Demisjonêr premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge hâlde tiisdeitejûn foar de 39e kear in coronaparsekonferinsje. De parsekonferinsje set om 19.00 oere útein en is by Omrop Fryslân op de webside en app live te folgjen.
18:38

Skoallekoepels net tefreden mei let beslút oer krystfakânsje

Skoallekoepels yn Fryslân bale fan it lette beslút om basisskoallen in wike earder ticht te smiten. Dat docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân.
17:51

Corona-ynfeksje is foar jonge bern krekt as in ferkâldenheid

De klachten fan bern dy't besmet binne mei it coronafirus binne meastentiids net earnstiger as de klachten by in ferkâldenheid. Dat docht bliken út ûndersyk fan UMC Utrecht. Foar it ûndersyk binne 300 húshâldings mei bern mei corona of in ferkâldenheid folge.
De ûndersikers geane derfan út dat twa tredde fan alle bern ûnder de 12 jier yn Nederlân it coronafirus al hân hat.
De ûndersikers steane efter it advys fan de Gezondheidsraad om jonge bern de mooglikheid te jaan om harren faksinearje te litten. "De vaccinatie heeft voor hen wel minder toegevoegde waarde dan voor iemand die nog geen corona heeft gehad. Dat hadden ze ook in het advies mogen zetten. Dan kunnen ouders nog beter een afweging maken. Veel ouders weten nu wel of hun kind corona heeft gehad, juist omdat er nu veel meer wordt getest", seit haadûndersiker Patricia Bruijning.
17:27

KNVB: "Nederlân wurdt net stimulearre om te sporten"

Fuotbalbûn KNVB fynt de maatregels tsjin it coronafirus 'net sinfol', alteast, wat de sport en it fuotbal oanbelanget. "Nederland wordt niet gestimuleerd om te sporten."
De KNVB seit dat minsken ek de kommende wiken net nei 17.00 oere sporte meie. It slagget lang net eltsenien om foar dy tiid te sporten. "Veel sporters zijn door deze maatregel al afgehaakt. Dit blijkt uit onderzoek van sportkoepel NOC*NSF. In de leeftijd tussen 5 en 18 jaar is de helft minder gaan sporten of is geheel gestopt. De jeugd heeft geen uitlaatklep."
Ek it sluten fan de stadions kin net op begryp fan de bûn rekkenje.
© VV Zwaagwesteinde
16:42

Mear as in miljoen boosterprikken set

1.047.600 minsken hawwe oant no ta in boosterprik krigen yn Nederlân. Dat meldt it RIVM. Op de Europeeske ranglist fan sûnenstsjinst ECDC hellet Nederlân mooglik Letlân yn. Acht prosint fan de folwoeksenen hat no in booster krigen.
16:08

Nije webside foar faksinaasjetwivelers

Minsken dy't twivelje oer oft se harren faksinearje litte wolle tsjin it coronafirus, kinne fan hjoed ôf terjochte op de webside www.overvaccineren.nl. Op de webside komt betroubere ynformaasje oer it faksin te stean.
"We willen er alles aan doen om te zorgen dat mensen hun keuze maken op basis van betrouwbare informatie. Vaccinatie beschermt jezelf en de mensen om je heen tegen het virus en is verantwoord en veilig", seit demisjonêr minister fan Folkssûnens Hugo de Jonge.
© Omrop Fryslân
15:47

"Lit boargers meitinke oer coronamaatregels"

Boargemasters fan Nederlân fine dat boargers sels foarstellen dwaan moatte soenen foar de coronamaatregels as it firus langer yn de mienskip bliuwt. "Er ontstaat een zekere moedeloosheid. We moeten met elkaar praten om weer perspectief te zien", skriuwe se oan demisjonêr minister-presidint Mark Rutte.
"Het brede welvaartsperspectief is ook belangrijk, gebaseerd op adviezen van de planbureaus." De regels soenen dêrom net mear allinnich op de epidemiologyske side rjochte wêze moatte.
15:32

123 omikrongefallen yn Nederlân

De omikronfariant fan it coronafirus is by 123 minsken yn Nederlân fêststeld, dat meldt it RIVM. Fan harren hawwe 15 minsken gjin direkte link mei it suden fan Afrika, dêr't de fariant foar it earst ûntdutsen waard. It RIVM hâldt der rekken mei dat omikron de dominante fariant fan it firus wurde sil.
15:15

498 nije coronabesmettingen, lanlik 12.852

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 498 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 150 minder as moandei. Doe waarden 648 besmettingen meld.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 12.852 It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 16.640.
© LEO Middelsé, Lennard Geerts
15:02

21 prosint minder positive coronatests

Neffens it RIVM binne der lanlik yn de ôfrûne wike 116.477 positive coronatests registrearre. Dat is 21 prosint minder as ôfrûne wike. Der kamen ek minder persoanen nei de teststrjitten fan de GGD. Fan harren teste 23,4 prosint posityf, in rekôr.
Der wienen ek minder sikehûsopnamen. Wol kamen der mear minsken te ferstjerren troch it coronafirus: 445. Dat oantal hat sûnt febrewaris net sa heech west.
14:11

Pfizer: "Coronapil ek by omikronfariant"

Neffens farmaseut Pfizer wurket harren coronapil ek by pasjinten mei de omikronfariant fan it firus. De pil is no noch eksperimenteel, mar soe de kâns op sikehûsopname en ferstjerren mei 90 prosint lytser meitsje kinne.
Sadree't minsken sykteferskynsels krije, soenen se de pil nimme moatte.
© ANP
13:31

'Basisskoallen wike earder ticht'

It ANP meldt dat basisskoallen in wike earder ticht sille foar de krystfakânsje. De skoallen meie der wol foar kieze om kommende moandei noch iepen te bliuwen. Op dizze wize hawwe bern minder kontakt mei-inoar en is de kâns lytser dat se inoar besmette.
It parseburo skriuwt fierder dat de jûnslockdown noch oant 14 jannewaris fan krêft wêze sil.
13:24

Coronakompensaasje foar gemeenten en provinsjes

Gemeenten en provinsjes yn Nederlân krije yn totaal nochris 87 miljoen ekstra kompensaasje foar it misrinnen fan ynkomsten troch corona yn 2020. Earder krigen gemeenten al in foarskot fan 245 miljoen. Ek oer 2021 sille de gemeenten en provinsjes kompensaasje krije.
Dêrnjonken stelt it Ryk 51,5 miljoen beskikber om foarsjennings lykas musea en teäters te stypjen.
13:01

Underwiisbûn: "Les op ôfstân net mear te organisearjen"

Underwiisbûn AOb fynt dat skoallen net ferplichte wurde moatte om ûnderwiis op ôfstân oan te bieden as de skoallen yn de wike foar de krystfakânsje ticht moatte. Neffens it bûn is dat no net mear te organisearjen.
"De praktijk van de afgelopen anderhalf jaar laat zien dat hybride onderwijs, aan kinderen uit de noodopvang in de klas en tegelijk aan de rest van de leerlingen online, het slechtste van twee werelden is", seit Thijs Roovers fan it AOb.
Tiisdei wurdt yn de parsekonferinsje oer de coronamaatregels dúdlik oft de skoallen echt ticht moatte.
© ANP
12:05

Parsekonferinsje oer coronamaatregels jûn live te folgjen by Omrop Fryslân

Demisjonêr premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge hâlde tiisdeitejûn foar de 39e kear in coronaparsekonferinsje. De parsekonferinsje set om 19.00 oere útein en is by Omrop Fryslân op de webside en app live te folgjen.
© ANP Foto
11:52

Alle sechstigers kinne no ôfspraak meitsje foar boosterprik

Alle sechstigers kinne no in ôfspraak meitsje foar in boosterprik tsjin it coronafirus. Minsken dy't berne binne yn 1960 of 1961 kinne fan tiisdei ôf online in prikôfspraak meitsje, meldt it RIVM.
Minsken dy't leaver telefoanysk as online in ôfspraak meitsje, moatte wachtsje oant de útnûgingsbrief yn 'e hûs is. Wa't in boosterprik krije wol, moat minstens in healjier earder in faksinaasje hân hawwe. Wa't dêrnei dochs besmet rekke is mei it firus, moat fan dat momint ôf in healjier wachtsje oant de boosterprik set wurde mei.
10:42

Sikehûsbesetting yn Fryslân ôfnaam

Der lizze no 94 pasjinten mei Covid-19 yn de Fryske sikehûzen. Dêrfan lizze der 19 op de ic's. Op moandei leinen der noch 99 coronapasjinten yn Fryslân, wêrfan 21 op de ic's.
Yn totaal lizze der 229 pasjinten mei Covid-19 yn de noadlike sikehuzen. Dêrfan binne 54 ic-pasjinten.
10:37

CNV: wurknimmer mei coronaklachten moat faak dochs nei wurk ta

Wa't corona-eftige klachten hat moat thúsbliuwe, mar neffens CNV hâlde lang net alle wurkjouwers harren oan dy regel. Ut in rûnfraach ûnder goed 2.000 leden konkludearret it fakbûn dat hast ien op de fiif wurknimmers troch harren baas frege wurdt om dochs op it wurk te ferskinen as se snotterich binne of hoastje moatte.

CNV-foarsitter Piet Fortuin ropt bedriuwen op om ferantwurdlikheid te nimmen. "We kunnen deze crisis alleen bestrijden als iedereen zich aan de regels houdt. De regel 'met klachten thuisblijven' is de meest simpele regel die er is."
09:37

Klap foar kultuersektor yn sifers

De kultuersektor hat flink te lijen fan de coronakrisis. Dat wie al wol dúdlik, mar it docht no ek bliken út sifers fan de Boekmanstichting. Dy komt mei in 'Cultuurmonitor' mei sifers. Keunstners hawwe lanlik sa'n 70 persint fan de omset ferlern. Der wiene yn 2020 sa'n 60 persint minder museumbesiten, 87 persint minder publyk foar poppoadia en festivals en sa'n 56 persint minder besikers by bioskopen en teäters.
De ynskatting is dat it ferlies foar de kulturele en kreative sektor yn 2020 sa'n 2,6 miljard euro is yn Nederlân. It docht ek bliken dat minsken, en benammen âlderein, gjin kultuerbesite doare te plannen.
07:00

Pandemy hat negative wjerslach op grut part jongerein

Hast de helte fan de jongelju yn Nederlân fynt dat de coronakrisis it libben nagatyf beynfloede hat. Mar fjouwer op de tsien jongelju sjocht njonken negative- ek nog noch positive gefolgen. In grutte mearderheid mist it om bûtendoar leuke dingen te dwaan en ôf te praten. Dit docht bliken út in ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) ûnder goed 8.000 jongelju tusken de 12 en de 25 jier.
© ANP
Jongerein fan 18 oant 25 jier hie it faakst it gefoel dat de pandemy in negative wjerslach op har libben hie. Goed in fjirdepart hat oanjûn it folgjen fan ûnderwiis yn de klasse te missen. Dat gefoel wie it sterkst by studinten oan hbo- en universitêre opliedingen.
Teeners en tweintigers ûnderfine ek faker stress mei de pandemy. Hast de helte fan de jongerein seit ek yn noed te sitten oer de oplieding.
06:55

Reade Krús siket frijwilligers

It Reade Krús yn Fryslân siket frijwilligers om't de organisaasje de lêste tiid faak frege wurdt om te helpen. Dat hat te krijen mei twa dingen. Der wurde hieltyd mear asylsikers opfongen yn Nederlân, mar ek fanwegen de coronasituaasje binne der mear minsken nedich.
In spesjale training is neffens it Reade Krús net nedich, it is benammen wichtich dat de minsken fluch ynset wurde kinne. Dat kin bygelyks as gasthear yn in soarchsintrum, of as stipe foar de GGD by fakinsaasjelokaasjes.
06:50

Brânbrief hoareka nei Buma

Hoarekaûndernimmers meitsje har grutte soargen oer it fuortbestean, no't it liket dat de jûnslockdown yn alle gefallen noch oant 8 jannewaris duorje sil. Yn Ljouwert hawwe se in brânbrief stjoerd nei boargemaster Sybrand Buma.
Se freegje boargemaster Buma om yn de lanlike oerlizzen, lykas it Veiligheidsberaad, de soarchlike situaasje troch te jaan.
© ANP
06:45

Wolkom by dit liveblog

Wolkom by it liveblog fan tiisdei 14 desimber oer de ûntwikkelingen oangeande it coronafirus yn Fryslân. Us liveblog fan juster neilêze kin hjir.