Trainers genietsje fan sfear Fryske derby: "Welkom in de hel!"

It is ôftellen. Noch seis nachten sliepe en dan is it safier: de earste Fryske derby sûnt fiif jier. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân litte trainers Johnny Jansen fan sc Hearrenfean en Pascal Bosschaart fan SC Cambuur witte net wachtsje te kinnen.
It wurdt foar Johnny Jansen syn earste derby as haadtrainer fan sc Hearrenfean. "Als speler heb ik de derby niet meegemaakt, wel als assistent. Eentje met Dwight (Lodeweges, red.) en eentje als assistent van Foppe (De Haan, red.). Toen wonnen we door die hele mooie goal van Arber Zeneli."
De sitewaasje by syn kollega fan SC Cambuur is oars. Pascal Bosschaart is de haadtrainer om't Henk de Jong siik thús sit. As echte Rotterdammer hat Bosschaart sels wol mei Feyenoord tsjin Ajax spile, dus mei datsoarte duels is er wol wat wend. "Het zijn wedstrijden op zich. Prachtige wedstrijden."
Dan kom je richting Grou en dan staat er een spandoek middenin een weiland 'Welkom in de hel'.
Johnny Jansen mei wol oer de derbysfear
Jansen en Bosschaart binne it der wol oer iens dat it publyk mist wurde sil by de Fryske derby fan oankommende snein. Tiisdei makket it demisjonêr kabinet bekend oft de hjoeddeistige coronamaatregels ferlinge wurde sille, mar beide manlju gean der net fan út dat der snein publyk yn it Cambuurstadion sitte sil.

De Fryske derby by Omrop Fryslân

Fan tongersdei ôf is der alle dagen omtinken foar de Fryske derby. We sjogge foarút mei Cambuur-spiler Doke Schmidt, dy't syn karriêre begûn by sc Hearrenfean. En we sykje Feanster stjerspiler Joey Veerman en Cambuur-oanfierder Erik Schouten, dy't goed befreone binne, op yn Volendam.
Op freed en sneon traine beide klups noch foar it duel op snein. Alles wat der op en by de trainingen plakfynt, is te folgjen by Omrop Fryslân. Op de wedstriiddei is der in ekstra radioprogramma fan 11.00 oere oant en mei 15.00 oere mei yntegraal ferslach fan de derby en analyzes fan âld-spilers Joey van den Berg en Sandor van der Heide.
© Omrop Fryslân
Dochs is der wol deeglik sprake fan in derbysfear, fernimt Jansen yn syn ploech. Mar ek by himsels. "Het is een heel beladen wedstrijd. Dan kom je richting Grou en dan staat er een spandoek middenin een weiland 'Welkom in de hel', dat vind ik gewoon mooi", seit de haadtrainer fan sc Hearrenfean.
Wij zijn al dik tweeënhalf jaar bezig om zo'n derby te spelen.
Pascal Bosschaart wit dat se by Cambuur mar al te graach dy derby spylje wolle
Tritich kilometer fierderop mist Cambuur fansels De Jong. Hy wit as Fries mar al te goed hoe't hy dy derbysfear oerbringe moat op syn ploech. Bosschaart hopet dat er dat ek foarinoar krijt. "Wij zijn al dik tweeënhalf jaar bezig om zo'n derby te spelen. Die benadering bij ons is wel aanwezig, hoor."
Dochs tinkt Bosschaart dat der net in soad foar nedich is. "Spelers zijn zich ook wel bewust van dat zo'n derby belangrijk is voor de stad Leeuwarden. Ik denk niet dat je daar als trainer echt veel voor hoeft te doen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.