FIDEO: Stellingwerven betinke rampjierren en driging Bommen Berend

De jiertallen 1672 en 1673 binne twa wichtige jierren yn de Fryske skiednis. Frankryk, Ingelân, Münster en Keulen foarmen it grutste leger sûnt de Romeinske tiid en de ferdigening fan Nederlân wie min. Bommen Berend, de biskop fan Münster, besocht yn 1673 fan de súdkant ôf Fryslân binnen te fallen. De skiednis moat yn 2022 en 2023 ta libben brocht wurde, ûnder oare yn de Stellingwerven.
De plannen foar de betinking wurde al makke: