Smoardrok by krystpakketleveransiers: "We kunnen veel, maar dit gaat niet lukken"

Krystpakketleveransiers belibje gouden, smoardrokke tiden. Omdat op it lêste momint dúdlik wurden is dat krystslokjes en krystfeesten der net yn sitte fanwege coronamaatregels, beslute in soad wurkjouwers flink út te pakken mei it krystpakket.
Smoardrok by krystpakketleveransiers:
Soms moatte de krystpakketleveransiers op it lêste momint nee ferkeapje. Benammen by gruttere opdrachten, fertelt Marjon Folkerts fan Kerst & Kado yn Drachten. Fyftjin meiwurkers fan de deibesteging binne dêr sûnt oktober oan it ynpakken. Folkerts hat it fleanende drok: "Ik heb wel eens gedacht: Was het maar 1 januari." Mar dan is it wer wykein en dan gean se gewoan wer fierder.
Foaral gruttere partijen krije se net op 'e tiid ôf. Tweintich pakketten slagget noch wol, mar as it 75 binne, wurdt it dreech. Folkerts: "We kunnen veel, maar dat gaat gewoon niet lukken."
© ANP
De drokte by de krystpakketten fernimt PostNL ek. De besoargers rinne de kommende dagen oer fan krystkaarten en pakketten.
"Op dit stuit kom ik by 170 adressen," begjint postrinner Jeanina Bakker har ferhaal. Har rûte leit op It Hearrenfean. "Gewoanwei is dat tusken de 80 en 100. Dan kinst dus sjen hoefolle oft derby kommen is. En dan is moandei ek noch in rêstige dei. De rest fan de wike is it noch drokker. Mar wy moatte gewoan rêstich bliuwe. Kinst net hurder wurkje as dochst."
Jeanine Bakker fan PostNL © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De stream krystpakketten hâldt oan. De trend fan dit jier is mear farske produkten en djoerdere krystpakketten. Wie de wearde fan in pakket ôfrûne jier sawat 35 oant 45 euro, no komt it wol op 75 euro út.
De bedriuwen en ynstellingen wolle djoerdere pakketten omdat der ferline jier fanwege de corona net folle fan kaam is. It jild dat dêrfoar reservearre wie, wurdt opteld by it bedrach fan dit jier.
"Pakketten binne dit jier grutter as ea," seit Marjon Folkerts. "Bedriuwen wolle útpakke, want de ôfrûne jierren lei alles hieltyd stil. Dit is mooglik noch in lytse goedmakker."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by PostNL