Boeren wolle Schiphol keapje om stikstofprobleem op te lossen

Tsientallen aksjefierende boeren sammelen har moandei by de Kaagbaan fan Schiphol om de direksje fan it fleanfjild in keapkontrakt oan te bieden.
Boeren wolle Schiphol keapje:
De lofthaven foldocht net oan oan stikstofregels en hat gjin natuerfergunning. Sadwaande binne der maatregels nedich. De groep boeren is benaud dat boerebedriuwen yn de omkriten fan Schiphol opkocht wurde sille, sadat it fleanen trochgean kin.
De boeren fine dat de wrâld op syn kop. Se binne fan betinken dat it heech tiid wurdt dat Schiphol en oare grutte fersmoargers, lykas Tata Steel, in bydrage leverje oan it oplossen fan it stikstofprobleem.
De aksje wie in inisjatyf fan boeren út de omjouwing fan Schiphol . Der kaam stipe fan boeren út hiel Nederlân.
Boeren by Schiphol © ANP
De boeren hiene eins moandei nei Brussel sillen foar in grutte Europeeske demonstraasje fan twa dagen tsjin it nije Europeeske lânboubelied en de Green Deal fan kommissaris Frans Timmermans. Dizze 'mem fan alle demonstraasjes' koe lykwols net trochgean fanwege de strange coronaregels.

Demonstraasje yn Brussel: "útstel is gjin ôfstel"

"De yn- en útreisregels binne yn guon lannen sa strang - mei in pear wike karantêne - dat boeren út in soad lannen net mei de Krystdagen thús wêze koene. Dêrom hawwe wy de demonstraasje útsteld", seit wurdfierder Sieta van Keimpema fan aksjegroep Farmers Defence Force.
Utstel is, as it oan Van Keimpema leit, wis gjin ôfstel. "Boeren hawwe gewoan in kostendekkende priis nedich en se moatte ek meiprate kinne oer it belied, dêr giet it ús om."
Wurdfierder Sieta van Keimpema fan Farmers Defence Force
Neffens Van Keimpema hat Schiphol 'net folle toegevoegde wearde' foar Nederlân. "It kin neffens my wol mei de helte flechten minder ta. Der binne op Schiphol in soad minsken dy't oerstappe. Dêr hat Nederlân hielendal neat oan. Moatte je soks wol wolle yn sa'n lyts lân?"

"De wrâld op syn kop"

Farmers Defence Force fynt it foaral ûnearlik dat yn harren eagen de boeren wol en grutte fersmoargers as Schiphol net troch de oerheid oanpakt wurde.
"De oerheid lit grutte útstjitters en fersmoargers stil gewurde, wylst boeren dy't allegearre in fergunning hawwe, ynleverje of sels wike moatte foar de yllegale útstjit fan Schiphol . It is de wrâld op syn kop."
De op koarte termyn organisearre 'spontane aksje' by Schiphol lit neffens Van Keimpema sjen dat 'it aksjefjoer wer oplôget' by de boeren fan Farmers Defence Force.