Fryske fotograaf wint ynternasjonale priis foar ynsektefoto's

Fotograaf Marco Jongsma (35) fan De Lemmer hat de Buglife Bug Photography-priis wûn. Hy makket foto's fan hiel tichtby fan ynsekten. Syn winnende foto is fan in 'veenmol'.
De winnende foto 'Gryllotalpa Gryllotalpa' fan Marco Jongsma © Marco Jongsma
De fotograaf pakt tsjintwurdich net mear de miggeklapper mar syn fototastel as er in ynsekt sjocht, seit Jongsma yn in fraachpetear mei deiblêd Trouw. Hy leit benammen spinnen, wapsen, kevers, eamelders, flinters en miggen fêst op de gefoelige plaat.
Jongsma makke altyd al sokke foto's. Hy die der neat mei oant de organisaasje Buglife op syn paad kaam. Dy set him yn foar it behâld fan ynsekten. Troch syn foto's sjen te litten, hopet Jongsma dat minsken hoedener omgean mei ynsekten.
Earst gie Jongsma sels de natuer yn om syn foto's te meitsjen. letter gie mei in bijehâlder mei. No kriget er ynsekten fan freonen, kunde en sammelers. Elk ynsekt leit er ûnder de mikroskoop om te besjen oft it in moai plaatsje is. Dêrnei set er se yn detail op de foto.