De coronastipepakketten binne net genôch om de holle boppe wetter te hâlden. Dat skriuwt de Ljouwerter ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland oan boargemaster Buma fan Ljouwert.
Yn de brief stiet dat de NOW, de Noodmaatregel Overbrugging Werkgelegenheid, net genôch is. Boppedat is de TVL, de Tegemoetkoming Vaste Lasten, basearre op oktober, doe't de omset ek al leger wie.
Op it stuit ha de hoarekasaken ek net in soad omset. Oant 17.00 komme der net in soad klanten en ek it ôfheljen en it besoargjen smyt minder op, sa skriuwt KHN.
Eijer is ek benaud dat in protte meiwurkers earne oars wurkje wolle. "Voor het flexibele personeel zijn er te weinig uren beschikbaar", skriuwt de KHN. "In de decembermaand extra vervelend, want zij hebben geld nodig voor de feestdagen en kiezen dus massaal voor ander werk."