'Aanvalsplan grutto' oant 2027 wis fan finansiering

Demisjonêr minister Carola Schouten hat bekend makke oant it jier 2027 hast 70 miljoen te stekken yn it Aanvalsplan Grutto. Mei dy tasizzing is it greidefûgelplan de kommende jierren wis fan finansiering.
In skries op in pealtsje © Remco de Vries, Omrop Fryslân
D66-Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot hie fragen oan de minister steld oer de finansiering fan it plan. Minister Schouten die yn it kommisjedebat oer de Nederlânske ynfolling fan it Europeesk lânboubelied de tasizzing foar it jild.
Neffens Vogelbescherming Nederland is de tasizzing in wichtige stap, mar is dêr noch net alles mei sein. Want boeren soene ek nei 2027 wis wêze moatte fan jild om ynvestearje te kinnen yn in greidefûgelfreonlike bedriuwsfiering.
Wat is it Aanvalsplan Grutto?
Neffens it Aanvalsplan Grutto moatte der spesjale gebieten oanwiisd wurde dêr't de skries en oare greidefûgels har gerak krije kinne. It plan is in inisjatyf fan âld-minister Pieter Winsemius, It Fryske Gea, de Friese Milieu Federatie en Vogelbescherming Nederland.
It giet om gebieten fan tûzen bunder yn de seis provinsjes dêr't de measte skriezen briede, ûnder oare yn Fryslân. It plan is rjochte op 34 grutte greidefûgelgebieten, dêr't 13 fan yn Fryslân lizze. Boeren moatte stipe krije om harren bedriuwen op it beskermjen fan de fûgels ôf te stellen en tagelyk ekonomysk rendabel te bliuwen.
Der is in heger wetterpeil nedich (nei 10 oant 20 sintimeter ûnder it meanfjild), der moat minder fee ticht opinoar stean, der moat letter meand wurde, rûge dong brûkt wurde en krûderike greide oanlein wurde om it bioferskaat omheech te bringen. Ek moat de saneamde predaasjedruk omleech, sadat minder aaien en jonge fûgels opfretten wurde troch rôfdieren as katten, foksen en reigers.
Baarderadiel is takom jier ien fan de earste gebieten dy't los kin mei de optimalisaasje fan de greide. Natuerkoöperaasje Baarderadiel is aktyf yn it noardlike part fan de eardere gemeente Baarderadiel, om Jorwert en Baard hinne.