Ljouwerter learlingen dogge in krystoptreden foar keninginne Máxima

Trommelje, sjonge en dûnsje: de learlingen fan groep 7 en 8 fan skoalle Eestroom yn Ljouwert dogge tongersdei mei oan it Muziek Kerstgala. Dit programma is in ûnderdiel fan in projekt dat skoalbern yn 'e kunde komme lit mei muzyk en hat keninginne Máxima as earegast.
Learlingen IKC Eestroom meie live optrede foar keninginne Máxima
De learlingen spylje mei yn wat 'de grootste schoolband' fan Nederlân neamd wurdt. Dy wurdt foarme troch learlingen fan tolve skoallen yn Nederlân, Eestroom is de iennichste út Noard-Nederlân. De bern binne woansdei noch drok oan it repetearjen.
It Muziek Kerstgala wurdt op tongersdei opnaam en is op 15 desimber te sjen op NPO1.