Empatec wol wurk-learbedriuw wurde; Súdwest-Fryslân heakket noch net oan

It sosjale wurkbedriuw Empatec wurdt fierder ûntwikkele nei in wurk-learbedriuw. Dat stiet yn de businesscase fan it bedriuw. Trije fan de fjouwer partisipearjende gemeenten hawwe betrouwen yn it plan. Dat binne Waadhoeke, De Fryske Marren en Harns. Súdwest-Fryslân giet lykwols net fuortendaalks akkoart.
© Omrop Fryslân
Súdwest-Fryslân wol ek alternative senario's besjen. De oare gemeenten moatte no beslute wat dêr de gefolgen fan binne.

Fernuvere

Foarsitter Boukje Tol fan de GR fan Empatec, de mienskiplike regeling, seit dat de oare trije gemeenten wol fernuvere wiene oer dit stânpunt fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Ein novimber wie it algemien bestjoer fan de GR noch akkoart. Dêr wie Súdwest-Fryslân ek noch by.
Wethâlder Gea Wielinga seit no dat de gemeente dochs noch in brede ferkenning dwaan wol op mooglike oare konstruksjes. Hoe't dy brede ferkenning derútsjen moat, wit sy noch net. Ek watfoar konstruksjes dat wêze kinne jout sy noch net oan. "We willen niet op slot gezet worden."

Faasje mei ferkenning

Neffens de wethâlder hat dat neat te krijen mei de riedsenkête dy't de gemeente nei de gong fan saken om Empatec hinne hân hat en dêr't de útkomsten ynkoarten fan bekend wurde. "Die processen lopen parallel."
Boukje Tol fynt dat Súdwest-Fryslân wol faasje sette moat mei it ûndersyk.
© Omrop Fryslân
"Willen dit voor de verkiezingen in de gemeenteraden behandeld hebben, zodat de raden dat voor zichzelf goed kunnen afronden." De útkomst fan de brede ferkenning soe wêze kinne dat Súdwest-Fryslân skielk út de mienskiplike regeling stapt, mar dêr wol noch net ien op foarútrinne. 58 persint fan de wurknimmers fan Empatec komt út dizze gemeente.

Businesscase

Yn de plannen fan de businesscase stiet dat Empatec mear doelgroepen betsjinje sil. Sa sille re-yntegraasjetrajekten by it nije wurk-learbedriuw ûnderbrocht wurde. Minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk krije dêrmei help om wurk te krijen. Dat giet om in groep fan sa'n 1.000 minsken. Ek oare groepen soene by it bedriuw oan de slach kinne.
Empatec soe de eigen broek ophâlde kinne moatte. De wurknimmers kinne harsels weromfertsjinje, ferwachtet ynterim-direkteur Ray Geerling. De meiwurkers dy't der no wurkje bliuwe ek gewoan by it bedriuw. In omset fan 20 miljoen euro is neffens him helber. De trije gemeenten leauwe dêr yn. Boppedat krije sy neffens it plan mear tafersjoch op it it bedriuw.

Meiwurkers ynljochtsje

Direkteur Geerling sil de kommende dagen de meiwurkers fan it bedriuw op 'e hichte stelle fan de plannen. Dat giet mei flyers, filmkes en troch fysike gearkomsten. Dat moat soarchfâldich, seit hy.
"Het gaat hier om een grote groep kwetsbare inwoners van de gemeenten. Die proberen we zo goed mogelijk te informeren en een goede toekomst te geven."
Foarsitter Boukje Tol fan de mienskiplike regeling en wethâlder Gea Wielinga fan gemeente Súdwest Fryslân