Lekkerij, skimmel en bedrigingen: hierders partikuliere sektor sitte klem

In ynstoart plafond, lekkerij, skimmel, in mûzepleach en net neikommen beloftes. Dat is de deistige realiteit fan de bewenners fan Het Nieuwe Hoek yn Ljouwert.
Bewenners oer de situaasje yn Het Nieuwe Hoek:
Dat de huzemerk yn syn gehiel te lijen hat ûnder misstannen is yntusken wol bekend. Ek Ljouwert ûntkomt net oan dit soarte fan eksessen. Het Nieuwe Hoek is in foarbyld hjirfan, seit it Huurteam Ljouwert. De hierprizen yn it kompleks fariearje fan 600 oant 800 euro de moanne.
Neffens it hierteam binne der sels noch wol slimmere foarbylden. "Yn ekstreme gefallen giet it sels om bedrigingen. Der binne in stik of fiif grutte ferhierders dy't by ús op it listje stean en dy't net goed mei de rjochten fan hierders omgean. Dan giet it foaral om min ûnderhâld en hierkontrakten dy't net doge", seit Theda Heijs fan it Huurteam.

Wat is it Huurteam?

It Huurteam fan Ljouwert is spesjaal oprjochte om dizze problemen oan te pakken. Minsken kinne dêr terjochte mei klachten of oare fragen. Der komme hieltyd mear klachten. Ferline jier wiene it sechstich, no binne it hûndert.
Ut in rige petearen mei bewenners fan Het Nieuwe Hoek docht bliken dat se har ûnfeilich fiele en ek net doare te kleien. Se binne benaud foar represailles. De bewenners wolle dêrom allinnich anonym harren ferhaal fertelle.

Dagen sûnder ferwaarming

Dat der in soad misgiet, die bygelyks bliken op moandei 29 novimber. Doe't in hierder dy dei de ferwaarming oansette woe, sprong de lieding en ûntstie koartsluting. Fan de eigeners wie gjinien te berikken. Pas nei twa dagen wie it probleem oplost.
"Eltse wike is der wol wat mis", seit ien fan de bewenners. "Ek de liften binne net feilich. De problemen wurde net oanpakt."
Huurteam Ljouwert sketst de situaaje op de partikuliere hiermerk:
Njonken efterstallich ûnderhâld, kleie de bewenners ek oer sosjale ûnfeiligens, net neikommen beloftes, minne fentilaasje en it hast ûntbrekken fan deiljocht. Dochs giet hast net in hierder fuort. "Der is gjin alternatyf."
"Kijk, het is een mooie plek om te wonen, maar het lijkt de verhuurders alleen om het geld te gaan", seit ien fan de bewenners. "Duurzaam opknappen doen ze niet."

Better kommunisearje

Yn in reaksje oan Omrop Fryslân lit ien fan de fiif eigeners fan Het Nieuwe Hoek, fan wa't de namme bekend is by de redaksje, witte dat sy harren net werkenne yn de klachten, mar de krityk wol serieus nimme. "Sjoch, ik wit dat it net perfekt is, mar we ha al in soad fernijd. We dogge it yn lytse stappen. De krityk lûk ik my oan. We hiene oars en better kommunisearje moatte."

Machtsmisbrûk oanpakke

De eigeners bestride dat it harren allinnich om it jild giet. "Wy binne gjin húskemelkers. Wy sjogge dit as in einbelizzing. We binne in fatsoenlike en serieuze partij en ha grutte plannen."
Nettsjinsteande de goede foarnimmens fan de eigeners, ropt it Huurteam op de misstannen te melden. Heijs: "We witte dat minsken benaud binne om it te melden. Mar allinnich as hierders har melde, kinne wy dit machtsmisbrûk oanpakke."
Het Nieuwe Hoek wie earder in fersoargingshûs by it Hoeksterend yn Ljouwert. It waard ferkocht, omdat it "net mear foldie oan de easken fan in wensoarchsintrum fan dizze tiid". It is omboud ta appartemintekompleks. Der wenje no sa'n 180 minsken.