Ljouwert sintrum fan curlingwrâld; opskuor oer spannende sponsor

Ljouwert is foar curlingleafhawwers de kommende dagen it sintrum fan de wrâld; yn de Elfstedenhal is it olympysk kwalifikaasjetoernoai curling.
Foar Ljouwert is de opskuor moai, foar it curlingbûn minder:
Foardat it toernoai goed en wol begûn, wie der al opskuor, fanwegen de sponsor fan in eroatyske webshop. De namme is te sjen op buorden en op it iis.
We ha der wol wille om, no wit de rest fan Nederlân ek dat Ljouwert in iishal hat. Mar foar de federaasje is it minder.
Klaas Siderius
"Dat is goed te sjen as de kamera's boppe it iis filmje", seit Klaas Siderius, direkteur fan de Elfstedenhal. Dat fine guon lannen, lykas Japan en de Feriene Steaten, miskien wat spannend. Se hienen it yn it foar witte kinnen, mar freedtejûn wie der ynienen rebûlje. We ha der wol wille om, no wit de rest fan Nederlân ek dat Ljouwert in iishal hat. Mar foar de federaasje is it minder, want as lannen it net útstjoere, rinne se ynkomsten mis. Dat giet wol om miljoenen."

Pebbles

Underwilens wurde de fjouwer banen ree makke foar de wedstriid. Dat komt hiel krekt; it iis moat wetterpas wêze en hiel glêd. "Mar der komme ek in soarte fan pukkels op, pebbles, foar de wjerstân tusken stien en iis. Dy milimeters skraabje se der ek wer ôf en wurde wer as toplaach wer opnij oanbrocht."

Stiennen fan de Spelen

De reade en giele stiennen gean mei alle wedstriden mei, dus de spilers ha altyd itselde materiaal. "Moai no, dat de stiennen dy't aanst by de Spelen yn Sina brûkt wurde, hjir no ek binne."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De sussen Anandi en Lisenka Bomas binne de technical officials op it OKT. Se komme út in echte Fryske curlingfamylje. "Het is heel speciaal dat zo'n groot toernooi hier plaatsvindt. Wij hebben hier curling geleerd. Mijn vader heeft het ooit eens geprobeerd. Die vond het zo leuk dat hij het is gaan doen."
En úteinlik binne de sussen meinaam nei it iis. "We zitten nu in de nationale selectie. En samen spelen we in een juniorenmeidenteam. We zijn ons nu aan het voorbereiden op het WK Junioren B begin januari."
Lisenka en Anandi Bomas © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De ambysjes binne grut. "We zouden heel graag eens willen meedoen aan zo'n OKT. Of nog mooier: dat we ons ooit direct zouden plaatsen voor de Olympische Spelen."
As Anandi it iis lizzen sjocht, hat se kribels om it iis op te gean. "Ik heb ervaring om op zulk ijs te staan. Ik zou heel graag willen spelen. Helaas is het nu niet zo, maar gelukkig ben ik met een andere taak toch betrokken aan het toernooi. We hebben vorige week het ijs klaargemaakt, qua kleuren, cirkels en logo's."
En dizze wike hat se wer oare taken. "Dinsdag ga ik clinics geven. En ik ben end ice assistent en ice technician. Dat betekent dat ik scores bijhoud en zorg draag voor het ijs."
Lisenka docht statistiken foar de wrâldcurlingfederaasje. "Ze zenden bepaalde wedstrijd uit op tv. Daarvoor houd ik bij waar de stenen terechtkomen, of dat het plan was. Daarvoor geef ik ze scores. De tv kan daarbij commentaar geven."

Dielnimmers entûsjast

It toernoai is snein begûn en de dielnimmers binne entûsjast oer it iis en de omstannichheden. It toernoai duorret oant en mei 18 desimber. Op 11 desimber komme de Nederlânske manlju oan bar. De dielnimmende manlju, froulju en mingde teams kinne har kwalifisearje foar de Olympyske Spelen yn Beijing.