Fertochten twa wiken nei Cambuurrellen mei ekstreem geweld al foar de rjochter

Trije fertochten dy't belutsen wiene by de rellen by it Cambuurstadion yn Ljouwert, moatte moandei foar de rjochter ferskine. De manlju binne 18, 19 en 21 jier. Sy wurde fertocht fan it ôfstekken fan swier fjoerwurk op 21 novimber.
© AS Media
Der binne yn totaal sân fertochten oanholden, de oare fjouwer komme letter foar de ljochter. It giet moandei om trije jonge, manlike fertochten fan Ljouwert, Stiens en Harns dy't foar it 'snelrjocht' komme.

'Kleuteroorlog'

Boargemaster Buma neamde it geweld en de fernielingen 'schandalig.' Ek fûn er it ûntrêstigjend dat it om safolle jongelju gie. Algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur neamde it in 'kleuteroorlog.' Hy fynt dat de opskuormakkers it fuotbal misbrûkt hawwe.
De plysje ferklearre letter bot oandien te wêzen fanwege de 'ekstreme gewelddiedigens.' Neffens teamsjef Klaas Dunnink hat de Ljouwerter plysje him swier bedrige field. Nei ôfrin hawwe plysjes neisoarch krigen.

Needbefel ôfkundige

Bûten it stadion stie in grutte groep minsken, it gie benammen om jongelju. Der waard fjoerwurk oanstutsen en jongelju stutsen konteners yn 'e brân.
It duorre net lang foar't der ek fjoerwurk op de plysje rjochte waard. Boargemaster Sybrand Buma kundige in needbefel ôf, de ME waard ynset, boppe Ljouwert hold in helikopter de boel yn de gaten. Jongerein smiet fjoerwurk, stiennen en glês nei de plysje, ME en harren weinen.

Wapens lutsen

It gie der sa bot om wei dat de plysje fjoerwapens lutsen hat, dy't ek op de relskoppers rjochte binne. Der is net sketten. Der binne sân minsken oanholden.
Konteners yn de brân stutsen op de Coopmansstraat © Kappers Media
Op de betreffende jûn spile SC Cambuur tsjin FC Utrecht. It wie foar it earst dat der gjin publyk by wedstriden wêze mocht, fanwege de oanskerpe coronamaatregels. By ferskate wedstriden lieten minsken witte it dêr net mei iens te wêzen. Mar letter die bliken dat in grut part fan de jongelju yn Ljouwert net perfoarst wat mei fuotbal hie, mar mear op de situaasje ôf kaam om't der wat te rêden wie.

Wedstriid twa kear stillein

Yn de begjinfaze moast de wedstriid twa kear stillein wurde om't der fan bûten fjoerwurk op it fjild smiten waard en in pear minuten letter om't in groep minsken mei fjoerwurk it stadion yn kaam.