Keninginne is besmet mei corona, mar it giet 'helemaal top' mei har. Dat liet har soan Willem-Alexander moandei witte oan it telefyzjeprogramma Blauw Bloed. "Er is gelukkig helemaal niks aan de hand. Alleen, ze was een beetje verkouden, dacht dat het de airconditioning was in de tropen. Ze heeft getest en was positief", sei de kening.
Sneon waard bekend dat de prinses posityf test wie op it coronafirus neidat se weromkaam wie fan in besite oan Kurasao. Dêr liet se al witte dat se twa coronafaksins en in boosterfaksin hân hat. Prinses Beatrix sit yn thúskarantêne.