Noed oer takomst fargeul Amelân is der, mar 'gjin akút probleem'

Rykswettersteat hâldt net op mei it baggerjen fan de fargeul nei It Amelân ta. Dat lit eilanner wethâlder Theo Faber witte. Hy is fernuvere oer berjochtjouwing fan regionale en lanlike media oer de kwestje, want dy soe net klopje.
© Omrop Fryslân
Ferline wike waard sein dat der minder feartsjinsten nei It Amelân gean as de natuerregels bliuwe sa't se no binne. Dy skriuwe foar dat de bagger dy't út de fargeul helle wurdt, yn it Waadgebiet bliuwe moat. Dan soe inkeld noch by heech wetter hinne en wer fearn wurde, sa wie de warskôging fan Ger van Langen, direkteur fan rederij Wagenborg.
"Dat riep veel vragen op en we hebben Rijkswaterstaat om uitleg gevraagd", seit wethâlder Theo Faber. "Maar dat konden ze niet op korte termijn geven en daarom hebben we als gemeente dit bericht uitgedaan, dat het stoppen met het baggeren van de vaargeul naar Ameland niet aan de orde is." It hat ek te krijen mei in 'baggerplafond'. Dy is 3,65 miljoen kúb yn it jier en sit no op 3,3 miljoen en de sânwinning hâldt mei yngong fan takom jier op. "Dat gaf het idee dat ze met baggeren zouden stoppen, maar dat ligt dus genuanceerder."

Soargen op lange termyn

It is neffens him net sa dat der fuort minder ôffearten komme, mar der binne wol soargen op lange termyn. "Die zorgen zijn er al tien jaar en we houden er de komende tien jaar ook aandacht voor. We zijn aan het zoeken naar langetermijnoplossingen, zoals een mogelijk aanleghaven, Ferwerd wordt genoemd. Of een optimalisering van de vaarweg Holwert-Ameland. Die ligt op een wantij en is lastig om bereikbaar te houden."
Hy begrypt de noed by de ûndernimmers as der minder boaten farre soenen. "Maar het is dus niet een acuut probleem. Wel is er zorg op de lange termijn en we zoeken naar een oplossing, maar niemand weet nog wat die oplossing is."