Femke Kok earste Nederlânske frou yn de 36'ers: "It fielde net as in toprit"

De tsjinstelling kin net grutter: de earste twa wrâldbekerwedstriden ried Femke Kok yn de marzje mei. Mar dit wykein wie dat kompleet oars, mei meardere rekôrs ta gefolch.
© ANP
Op freed bruts Femke Kok yn Salt Lake City it Nederlânsk rekôr op de 500 meter. Dat stie al hast njoggen jier op namme fan Thijsje Oenema (37,06). Kok wie fiif hûndertsten flugger en notearre 37,01. Ta har eigen fernuvering. "Ik ferwachte der net safolle fan, om't it de ôfrûne wrâldbekers bêst wol min gie. Mar doe't ik dêr kaam, gie it in stik better."

Tsjinslaggen

It wie oant no ta net it seizoen fan Kok. Krekt foar it NK ôfstannen krige se lêst fan har ljisk en by de earste wrâldbeker yn Poalen rûn se tsjin in soarte fan itensfergiftiging oan. "Ik siet net sa goed yn myn fel. Der wiene dingen dêr't ik oer oan it prakkesearjen wie. Dat hie mear impact as ik tocht. Dêrtroch koe ik my net fokusje op it riden en wie ik mei myn holle earne oars", seit se.
No fiel ik my wer supergoed, bin ik wer fleurich en ha ik der sin oan. Ik bin hiel bliid dat myn nivo dan direkt werom is.
Femke Kok
Troch it prakkesearjen woe it sliepen ek net sa goed en dat bruts har op by de earste twa wrâldbekers, yn Poalen en Noarwegen. Dêr waard se op de 500 meters alfde, achtste, tolfde en njoggende. "No fiel ik my wer supergoed, bin ik wer fleurich en ha ik der sin oan. Ik bin hiel bliid dat myn nivo dan direkt werom is."
Ferslachjouwer Andor Faber makke dit oersjoch fan it wykein fan Femke Kok
Op de twadde 500 meter wie Kok dit wykein sels noch flugger as op freed, doe't se it Nederlânsk rekôr pakte. Sneon notearre se 36,96. Dêrmei wie se de earste Nederlânske frou dy't ûnder de 37 sekonden ried op de sprintôfstân. It wie wol in nuvere rit. Har tsjinstanner Jutta Leerdam starte net, om't se tocht dat se falsk wie. Kok moast dus allinne ride.
"Dat fielde hiel raar, en dan bist de fokus kwyt om't net ien mei dy oprydt. Foar myn gefoel gie it dus hielendal net hurd. Ik wie hiel fernuvere dat it in 36'er wie, om't der technysk wol wat grutte flaters yn myn rit sieten."
Mar neat is minder wier. Kok ried harsels opnij de skiednisboeken yn. "It is hiel moai dat ik as earste Nederlânske frou in 36'er riden ha. Mar it fielde net as in toprit, dus ik hoopje dat der noch mear yn sit", tinkt Kok alwer foarút.
Sjoch hjir nei de bylden:
De rydster fan Nij Beets sil dan wol efkes geduld hawwe moatte, want har folgjende wedstriid is net earder as oer trije wiken op it olympysk kwalifikaasjetoernoai. De wrâldbekerwedstriid fan oankommend wykein slacht se oer.
Yn stee dêrfan fljocht se nei Italië. "Ik wol my sa goed mooglik tariede op it OKT. Dêrom geane we nei Collalbo. Om dêr efkes de holle te resetten, gjin wedstriden te riden en lekker te trainen op de moaie baan", seit Kok, dy't we fan dit wykein ôf de fluchste Nederlânske sprintfrou oait neame meie.