De Jong op 1500 meter yn rekôrtiid nei brûns: "It wie fjochtsjen oant de finish"

Antoinette de Jong (26) wie mei in flink persoamlik rekôr de bêste Nederlânse op de 1500 meter op de wrâldbeker yn Salt Lake City. Allinne twa Japanners wiene rapper.
Antoinett de Jong © ANP
De Jong sette yn Salt Lake City in tiid del fan 1.51,72. Dêrmei ferbettere se har persoanlik rekôr, dat se op Thialf riden hie, mei oardel sekonde.
It wie net genôch om Miho Takagi by te hâlden. Dy ried ûnder de 1.50: se klokte 1.49,99. Ayano Sato pakte it sulver mei 1.51,46.

Hurder

It gat is grut, mar De Jong jout de striid net op. Se tinkt dat se noch wol hurder kin. "De race wie net perfekt", sei se nei ôfrin tsjin de NOS. "Der koene in protte dingen better. Lytse dingen. Ik bin wer op it goeie paad. Mar Takagi is echt supergoed."

Ploege-achterfolging

In dei earder die De Jong net mei oan de ploege-achterfolging. Sa wie it ôfpraat, sei se. Mar leaver hie se dêr wol oan meidien. "Ik bin hjir no, en ik fiel my goed. Ik wol in goeie wearde wêze foar it team, mar it koe net mear." De Nederlânske froulju pakten sulver.
De mannen einigen as sechsde op de ploege-achterfolging. Jan Blokhuijsen, Marcel Bosker en Marwin Talsma kamen ta in tiid fan 3.39,79 minuten. Earste waarden de riders fan de Feriene Steaten. Dy rieden mei 3.34,47 in wrâldrekôr.

Massastart

Marijke Groenewoud einige as twadde op de massastart. Se wie krekt wat letter as de Kanadese Ivanie Blondin. Irene Schouten waard fjirde nei de Noarske Haugen.