Sawat 20 miljoen minsken hawwe yn it Feriene Keninkryk in boosterprik krigen. 34,4 prosint fan de befolking hat dêr dus al in booster hân. Yn Dútslân hawwe 13 miljoen minsken harren booster hân (15,4 prosint), yn Frankryk giet it om 10 miljoen minsken (14,8 prosint) en yn België hawwe 1,9 miljoen minsken in booster hân (16,4 prosint).
Nederlân hat nei ferwachting oan de ein fan de wike 700.000 boosters set. Dat is 4 prosint fan de befolking.