OKT curling set útein yn Elfstedenhal: primeur foar Nederlân

It olympysk kwalifikaasjetoernoai curling set snein yn de Elfstedenhal útein. It is net allinne in primeur foar Ljouwert, mar ek foar Nederlân. Fanwegen it coronafirus mei der lykwols gjin publyk by it OKT wêze.
Curling yn de Elfstedenhal © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
It kwalifikaasjetoernoai is fan 5 oant en mei 18 desimber. Yn septimber waard bekend dat it OKT nei Ljouwert komme soe. Boargemaster Sybrand Buma wie dêr tige grutsk op, om't der oer de hiele wrâld omtinken foar wêze sil. Boppedat is it neffens him 'in moaie oanfolling op de dochs al rike Fryske iishistoarje.'

Nederlânske manlju

By it toernoai kinne noch trije manljusteams in ticket foar de Olympyske Spelen yn Peking bemachtigje. It Nederlânske team kin him foar it earst yn de skiednis kwalifisearje foar de Winterspelen. De Nederlânske manlju komme op 11 desimber om 14.00 oere foar it earst yn aksje, as sy tsjin Denemarken moatte.
Sjoch hjir in reportaazje dy't Omrop Fryslân twa wiken lyn makke: