Twa kear goud foar Fryske swimsters: Bruinsma wint, Wijkhuijs ek rekôr

Op de twadde dei fan it NK koartebaanswimmen gie twa kear in earste plak nei in Fries. Josien Wijkhuijs fan Frjentsjer wûn goud op de 100 meter rêchslach. Liesette Bruinsma fan Wommels swom op de 100 meter frije slach nei goud. Sy swom ek nochris in Nederlânsk pararekôr yn har S11-klasse.
Liesette Bruinsma op argyfbyld © Orange Pictures
Wijkhuijs, fan de feriening Orca, swom in tiid fan 58.93. Sy liet Tessa Vermeulen en Elisa Tanis efter har op in twadde en tredde plak.
Bruinsma, fan HPC PARA - HZ&PC Heerenveen 2, swom dus ek noch in pararekôr. Har tiid wie 1:06.96, dêrmei liet sy Lisa Kruger en Florianne Bultje efter har.