Femke Kok ferbetteret eigen rekôr op 500 meter yn bizarre race

Femke Kok hat har eigen nasjonaal rekôr ferbettere op de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City, yn in bizarre wedstriid tsjin Jutta Leerdam.
Femke Kok © Orange Pictures
Kok is de earste Nederlânske frou dy't in tiid delset ûnder de 37 sekonden. Se klokte 36.96. "Echt supercool," sei Kok nei ôfrin, "mar ik tink dat it noch wol hurder kin."

Falske start

Tsjinstanner Jutta Leerdam tocht dat der sprake wie fan in falske start, en ried net fierder. Der wie gjin falske start, mar Kok moast har 500 meter wol allinne ride.
Neffens analist Erben Wennemars stie Leerdam net stil. En de echo fan it keunstmjittige startskot yn de lege hal yn Salt Lake City klonk miskien wol as it sinjaal fan in falske start, seit er.

Nuver

Kok sels fûn it "in hiele aparte rit", sei se. "Ik ried tsjin Jutta, mar se starte blykber net. Hiel nuver. Normaal fiele je ien neist je riden. Ik gong troch, mar ik tocht wol: 'huh? Wat gebeurt der?'"
Ien dei earder ferbettere Kok it njoggen jier âlde nasjonaal rekôr fan Thijsje Oenema. Doe kaam Kok krekt net ûnder de 37 sekonden. No wol. Mar sa fielde it net, seit se.
"De rit fielde net goed, mar de tiid wie wol goed. Ik hie in pear missers, dat ik 'm echt kwyt wie. Doe't ik oer de streek kaam, hie ik it net yn de gaten."
Sjoch hjir nei de bylden:
Foar in plak yn de top trije wie de rekôrrace fan Kok te min: se einige as fjirde. De earste priis wie foar in Poalske: Andzelika Wojcik (36.77). De Russen Angelina Golikova (36.78) en Olga Fatkulina (36.93) waarden twadde en tredde.
"It is hiel bysûnder om troch de barriêre fan 37 sekonden te gean", sei Kok. "Dêr bin ik hiel bliid mei. Mar it leafst soe ik noch in rit ride, om te sjen oft it noch flugger kin."

Alwer in Fries

De earste Nederlânske man dy't ûnder de 37 sekonden kaam, wie ek in Fries: Jan Ykema fan Harns. Dat wie yn 1988, op de Olympyske Spelen yn Calgary.

Kok mei persoanlik rekôr nei fiifde plak op tûzen meter

Op de tûzen meter sette Kok in tiid del fan 1.12,87. Dêrmei waard se fiifde. It wie in persoanlik rekôr foar har.
Jutta Leerdam wie de bêste Nederlânse, mei in twadde plak. Allinne de Japanse Miho Takagi wie rapper.
Nei ôfrin fan de tûzen meter reagearre Leerdam foar it earst op de nuvere rit tsjin Kok. Wat der presys mis gie, koe se net ferklearje.
"Ik bewoog en kon niet meer terug. Ik moest omhoog komen en toen schoot de starter af. Ik kon er vrij weinig meer van maken", sei Leerdam by de NOS. Se stie rjochtop, doe't tsjinstanner Kok al fuortriden wie.

Bergsma docht net mei foar de winst op massastart

Op de massastart koene de Nederlânske manlju gjin potten brekke. Jorrit Bergsma wie de bêste, mei in seisde plak. De winst gong nei de Belch Bart Swings.
Bergsma besocht út it peloton te ûntsnappen om nei it trio mei Swings te riden, dat in foarsprong pakt hie, mar hy kaam net fuort en hie ek gjin lângenoat om it gat ticht te riden. Bart Hoolwerf, de oare Nederlanner op de massastart, hie him net pleatst foar de finale.
Oan de ein fan de wedstriid besocht Bergsma it net mear. Swings ride fuort by de oare flechters en koe al fier foar de streek syn oerwinning fiere.

Sulver foar de froulju

By de ploege-achterfolging by de froulju slagge it Ireen Wüst mei Melissa Wijfje en Irene Schouten om sulver te pakken. Sy finishten op 2.52,69, it goud gie mei 2.52,41 nei Kanada. It trio bleau mar krekt boppe it Nederlânske rekôr fan ferline jier yn Salt Lake City.
Wüst is bliid mei it sulver, mar fynt ek dat der noch in ynhelslach leit, mei it each op konkurrinten Kanada en Japan.