Lêste winkeldei foar pakjesjûn: "Hij wil sowieso een scheetkussen!"

De drokte wie te oersjen, op de lêste dei winkeldei foar pakjesjûn. Yn Easterwâlde wurdt normaalwei fanalles organisearre, mar yn ferbân mei in firus binne der dit jier allinne lytsskalige aktiviteiten.
© Omrop Fryslan
Guon minsken helje allinne noch gebak foar de pakjesjûn, mar der binne ek dy't alle sinteklazeynkeapen noch dwaan moatte.
Foarsitter Henkjan van Zanten fan Oosterwolde Promotion is al mei al net ûntefreden oer de omset. "In de foodsector is de omzet duidelijk hoger. Eten en drinken is ook met Sinterklaas belangrijk. Met kado's zie je wel een lichte verschuiving naar de kerst, maar Sinterklaas blijft belangrijk."
Der rinne in pear Piten troch de stêd. Se diele pipernuten út, en freegje oan de bern wat der dit jier op it ferlanglistje stiet. It falt yn de smaak.
Ien jonge is wat skruten. It famke dat neist him stiet net: "Hij wil sowieso een scheetkussen!"
Van Zanten is der bliid mei dat de winkelbesiten wer wat oanlûke en dat it tal leechsteande winkels yn Easterwâlde wer stadichoan werom rint. In healjier lyn stiene der noch 13 winkelgebouwen leech, takom jier binne dat der as it goed is noch mar 8. "Het gaat gelukkig weer de goede kant op."
By in spesjalisearre boartersguodwinkel binne se tefreden. "Het is gezellig druk", seit treintsjeferkearper Marcel Jonkman fan de winkel.
De ferkeap foar 5 desimber rint goed yn Easterwâlde:
Allinne online soe Jonkman net wurkje kinne, seit er. "De echte liefhebbers willen de miniatuurtreinen beleven en in hun handen hebben. Dat kan in de winkel beter dan met een plaatje op de website."
Winkeliersvereniging INretail prate earder op de dei oer in "soepel verloop" yn de winkelstrjitten, yn oanrin nei pakjesjûn. Minsken hâlde har oan de coronaregels. "En dat het niet regent helpt ook mee. Mensen maken er een leuk dagje uit van", sei in wurdfierder.