Oenema is rekôr kwyt: "Moai dat in provinsjegenoat him no hat"

Ald-reedrydster Thijsje Oenema fan It Hearrenfean is nei sawat njoggen jier har rekôr op de 500 meter kwyt. Femke Kok ried freed op de wrâldbeker yn Salt Lake City in tiid fan 37,01. Krekt wat flugger as de 37,06 fan Oenema yn 2013.
© ANP
Njoggen jier lang bleaun it rekôr fan Oenema yn stân. "Alles giet flugger en alles giet hurder, dan ferwachtest ek dat it Nederlânsk rekôr ris in kear ferbrutsen wurdt, mar dat wie oant juster net it gefal", seit Oenema der sels oer.

"Moaie takomst"

Yn dy njoggen jier hat Oenema geregeld tocht dat har rekôr ferbrutsen wurde soe, mar dat barde mar net. "Dan wurdt der sein 'giet it rekôr der nochris oan?' en dan tocht ik: ik kin der ek neat oan dwaan. Der oaren sille it dwaan moatte."
Thijsje Oenema is har rekôr kwyt
No hat Femke Kok fan Nij Beets Oenema's tiid lang om let ferbrutsen. "In provinsjegenoat, dat is hartstikke aardich", seit Oenema. "Se hat in moaie takomst foar har. Hooplik set se dy line troch en kin se noch hiele moaie saken sjen litte."

Krekt gjin 36'er

Oenema fynt it net spitich dat se har rekôr no kwyt is, mar "ik fûn it hiel spitich dat it krekt gjin 36'er wie. As it dan dochs ferbrutsen wurde moat, dan soe it moai wêze as it in 36'er wie. Mar it wie mar fiifhûndertste, dus it wie krekt."