RIVM stelt 774 nije coronabesmettingen fêst yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 774 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 104 minder as freed. Doe waarden 878 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 824 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat trochsneed op 846 besmettingen, in wike lyn op 919.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Dat is in ynwenner fan de gemeente Harns.
Der binne sân Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Súdwest-Fryslân (twa), Achtkarspelen, Ljouwert, Eaststellingwerf, Smellingerlân en Dantumadiel.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 22.723. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 21.666.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.