Johnny Jansen kin wol oer de krityk: "We moeten blijven praten"

Hearrenfeantrainer Johnny Jansen krijt de lêste tiid hieltyd mear krityk te ferwurkjen. Omrop Fryslân lei Jansen fjouwer resinte útspraken foar.
Johnny Jansen stiet mei Hearrenfean nei fjirtjin wedstriden op achttjin punten © Orange Pictures
Sa wie stjerspiler Joey Veerman nei de lêste wedstriid tsjin PSV kritysk oer syn eigen ploech en de spulwize. Hearrenfean spile de earste helte 4-5-1 en dat lei Veerman net, joech er nei de wedstriid oan: "We zakten veel te ver in. In mijn mening hadden we dat niet moeten doen."
Jansen fynt it goed dat Joey Veerman kritysk is:
Dat de earste helte net goed wie tsjin PSV, dêr is Jansen it ek oer iens. Mar oft dat oan it systeem lei, dat wit er net. "Er lag heel veel ruimte tussen de linies, maar daar maakten we geen gebruik van. Ik heb wel even met Joey gezeten. Goed dat hij dat vindt, maar we moeten blijven praten met elkaar."

'Slap'

Sander de Vries fan de Leeuwarder Courant wie nei de wedstriid tsjin PSV yn de podcast fan dyselde krante ek kritysk. Benammen oer it slappe spul: "Het leek wel alsof ze de eerste helft met van die gele trainingspoppen speelden."
De earste helte tsjin PSV wie inderdaad net goed, jout Jansen ta:
Wat de earste helte oanbelanget, kin Jansen him dêryn fine. "Maar na rust hebben we dat hersteld."

'Passyf'

Ald-fuotballer Wim Kieft ergeret him al langer oan it spul fan Hearrenfean, sei er yn Veronica Inside nei de wedstriid tsjin PSV: "Elke keer als ik naar dat Heerenveen zit te kijken, erger ik mij dood. Slap. Het is allemaal zo passief. Alsof er geen enkele druk op zit. Geen venijnigheid. Niets speciaals."
Kieft moat fine wat er fynt, seit Jansen:
"Prima dat hij dat vindt", seit Jansen. "Maar het doet me niets. Volgens mij hebben we genoeg wedstrijden het wel laten zien. Waarin we aan het strijden zijn."

'Gjin spirit'

Ta beslút noch in útspraak fan trije wiken lyn. Ald-Hearrenfeanspiler en Mister Hearrenfean Maarten de Jong wie doe gast yn de SportCast fan Omrop Fryslân en hie wol it ien en oar oan te merken oer de teamspirit, dy't der neffens him net is by Hearrenfean: "Er zit geen teamspirit in. Ze juichen als eilandjes. Dat is veelzeggend."
Neffens Jansen sit it mei de teamspirit wol goed:
Fan bûten sjogge je net hoe't it echt sit, seit Jansen. "Als je ziet hoe de beleving in de kleedkamer was na de winst op Willem II... zo blij zijn we dat we gewonnen hebben. Kijk wat we met tien man kunnen neerzetten. Er is teamspirit genoeg."
Johnny Jansen giet sneontejûn mei Hearrenfean op besite by Heracles Almelo. Dy wedstriid begjint om 21.00 oere en is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Roelof de Vries.
It sportprogramma begjint al om 18.30 oere, mei ek omtinken foar Cambuur - Vitesse én de kuorbalwedstriid tusken LDODK en Dalto.