Omrop TIP: Wêrom net nei Wyldemerk?

Wêrom woene de pake en beppe fan Nikki Manuputty yn de jierren 50 net nei kamp Wyldemerk by Balk, mei de oare moslimhúshâldens? Nikki giet op syk nei har famyljeskiednis. De FryslânDOK Wêrom net nei Wyldemerk? is te sjen op 4 desimber by NPO2 en op 5 desimber by Omrop Fryslân.
De measte Molukkers dy't yn de jierren fyftich nei Nederlân kamen, wiene kristlik. Foar de moslimfamyljes waard yn de buert fan Balk in eigen kamp oprjochte: Wyldemerk.

Nikki Manuputty

Mar de moslimhúshâlding Manuputty woe dêr net hinne en bleau achter yn Drinte. Wêrom net nei Wyldemerk? is in film fan regisseur Anne van Slageren, oer de persoanlike syktocht fan de 32-jierrige Nikki Manuputty nei har Molukske famyljeskiednis.
Nikki Manuputty en har heit © Omrop Fryslân
Kamp Schattenberg telde sa'n tritich moslimhúshâldens. Nei spanningen waard spesjaal foar de moslimgroep it kamp 'Wyldemerk' by Balk oprjochte. Mar Nikki har pake woe net mei. Hy bleau as iennichste moslim mei syn húshâlding yn Schattenberg.

Folgjende generaasje

Foar Nikki, bern fan de folgjende generaasje, hat dat beslút gefolgen. Sy besiket te efterheljen wat der achter de wegering fan har pake siet. Boppedat freget se har ôf oft har eigen gefoelens fan útsluting en 'der net by hearre' hjirwei komme.
Nikki Manuputty © Omrop Fryslân
Der binne filmbylden fan it kamp Wyldemerk by Balk te sjen, makke yn de jierren 50. Regisseur Anne van Slageren krige de swart-wytfilm yn brûklien fan Ghani van den Bergh, dy't de film út in famyljeneilittenskip yn behear hat.

Alde bylden fan moskee

Yn 1956 waard yn kamp Wyldemerk in moskee boud. Dy waard iepene troch de doetiidske minister fan Bûtenlânske Saken fan Pakistan. It wie, nei Den Haag, de twadde moskee fan Nederlân. Wol wie it de earste echt nijboude, mei in glimmende minaret dernjonken.
Yn it filmke binne bewenners fan kamp Wyldemerk te sjen wylst se dielnimme oan in gebedstsjinst.
Moluks kamp Wyldemerk by Balk © Moluks Historisch Museum
Op 11 novimber is Wêrom net nei Wyldemerk? yn premjêre gien op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert. Dêrby binne de autentike filmbylden fan Wyldemerk oanbean oan Syds Wiersma fan it Fries Film en Audio Archief.
Moskee yn kamp Wyldemerk © Moluks Historisch Museum
FryslânDOK Waarom niet naar Wyldemerk?
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.